Noardlike fjoerwever
| Noardlike fjoerwever | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke (it kin mooglik ek in net-briedend mantsje wêze.) | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Euplectes orix | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De noardlike fjoerwever (Euplectes franciscanus) is in sjongfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardlike fjoerwevers wurde likernôch 11 sm lang en 12 oant 22 gram swier. De mantsjes ha yn 'e briedtiid in opfallende oranjereade kleur mei in swarte snaffel, kop, earstreek, búk en flanken. Bûten de briedtiid is it mantsje lykas it wyfke: brúngriis streke mei in dizige donkere eachstreek en in gieleftige wynbraustreek, in donkere iris, in brune snaffel en rôze poatsjes. Mantsjes binne grutter as wyfkes.
De noardlike fjoerwever wie earder in ûndersoarte fan 'e súdlike fjoerwever (Euplectes orix). Hjoed-de-dei wurde dy twa as aparte soarten klassifisearre. De grins fan 'e twa soarten wurdt foarme troch de evener. De noardlike fjoerwever hat in read kin (dy't by de súdlike fjoerwever swart is) en mear swart op 'e kop. Ek hat de noardlike fjoerwever lange oranje sturtfearren, dy't de swarte sturt ferbergje.
| Noardlike fjoerwever | Súdlike fjoerwever |
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardlike fjoerwevers komme yn westlik, sintraal en eastlik Afrika benoarden de evener foar. De soarte wurdt as monotypysk behannele of wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
- Euplectes franciscanus franciscanus: fan Mauretaanje, Senegal en Gambia oant Etioopje, Uganda en noardwestlik Kenia.
- Euplectes franciscanus pusillus: súdeastlik Etioopje en Somaalje.
De soarte waard yn 'e jierren 1960 op Porto Riko yntrodusearre en is sûnt dy tiid yn grutte dielen fan West-Ynje waarnommen. Yn 'e lêste desínnia waarden de noardlike fjoerwever yntrodusearre yn gebieten fan 'e Feriene Steaten (Kalifornje, Teksas en Hawaï).
It biotoop fan'e soarte bestiet út iepen gebieten, strewellen, agrarysk gebiet en rânen fan sompen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is polygaam en kin mei meardere wyfkes peare. Se sette harren op by de hôfmakkerij. It mantsje boud bolfoarmige nêsten en de wyfkes beklaaie it nêst. Se briede yn reidseamen of heech gers oan wetter, meast yn leechlân, mar yn Etioopje oant 2000 m boppe de seespegel. Dizze soarte is polygyn, en mantsjes sille faak pearje mei maksimaal seis wyfkes. Se ite sied, mar ek wol ynsekten. It binne sosjale fûgeltsjes, dy't faak yn keppels fan tsientallen oant hûnderten sjoen wurde.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardlike fjoerwevers binne net kwantifisearre, mar neffens de IUCN is de populaasje stabyl. De IUCN klassifisearre de fûgel as net bedrige (LC) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fjoerwever
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Martinyk
- Eksoat yn Bermuda
- Eksoat yn Porto Riko
