Noardlike Aralmar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ferskil yn omfang fan de Noardlike Aralmar tusken 2000 en 2011.

De Noardlike Aralmar of Lytse Aralmar is in diel fan de eardere Aralmar yn Kazachstan dy’t troch de rivier Syr Darja syn wetteroanfier kriget.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei’t de Aralmar hieltyd drûger waard, kaam der in plan om it noardlike diel fan de Aralmar te rêden en it súdlike diel gewurde te litten. Yn de 1990er jierren joech Kazachstan de opdracht om it noardlike diel yn te dykjen en sadat it net trochstreame koe nei de hieltyd drûger wurdende súdlike Aralmar. Mei de dyk waard it wetternivo yn de Noardlike Aralmar heger, it klimaat ferbettere en der wie mear fisk. Om’t de dyk net stevich genôch wie, bruts er in jiermannich letter.

Yn it ramt fan it projekt SYNAS-I (Syr Darya Control and Northern Aral Sea Project Phase I) waard der yn 2003 begûn mei de bou fan de Kokaraldaam. Foar de bou fan dy daam joech de Wrâldbank ek in finansjele ympuls en sa koe der beton as boumateriaal brûkt wurde. Boppedat waarden der ek maatregelen nommen om it wetteroanfiersyteem fan de Syr Darja te ferbetterjen, de rivier dy’t de Noardlike Aralmar yn streamt. De besteande kanalen yn de Syr Darja waarden wersteld en diels waarden der betonnen bakken oanlein. Dêrtroch soe noch mear wetter de mar ynstreame kinne. Yn 2005 wie de bou fan de Kokaraldaam klear.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 wie lei de Noardlike Aralmar op 30 meter boppe seenivo en hie in omfang fan 2.550 km².

Yn 2006 wie it wetternivo al trije meter heger, it oerflak naam 900 km² ta, it folume naam 11 km³ ta en it wetter waard minder sâlt. Yn 2008 wie it wetterpeil 42 meter en besloech de mar in oerflak fan 3.300 km². Troch de groeiende mar ferskode de kust op guon plakken mear as 75 kilometer. It regear fan Kazachstan hopet dat mear ferbetteringen yn de wetteroanfier liede sille ta in fiergeand werstel fan it noardlike diel fan de eardere Aralmar. Om’t de mar ek in ôffier hat, naam de konsintraasje fan gifstoffen ôf. Dêrtroch naam de fisk ta en naam it stof yn ’e lucht ôf. Yn 2005 lei de fiskstân by sa’n 3.500 ton, yn 2012 wie dat sa likernôch 18.000 ton. Mei in duorsum fiskerijbelied soe de fiskstân yn de Noardlike Aralmar nei sawat 40.000 ton gean moatte. Troch de ôfnimmende fersâlting kinne der wer fisksoarten wer weromkomme yn de Noardlike Aralmar. It útsetten fan makreel yn de Syr Darjadelta wie in súkses, it útsetten fan tonijn mislearre yn 2009.

Takomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plan foar it projekt SYNAS-II.

Yn it ramt fan it projekt SYNAS-II (Syr Darya Control and Northern Aral Sea Project Phase II) is it de bedoeling de Sarysjiganakbocht yn it noardeastlike diel yn te dykjen mei in twadde daam. Dêrtroch soe der in fierdere ferheging fan it wetterpeil mooglik wêze, ta in hichte fan sa’n 53 meter. It wetter fan de mar soe dan wer it eardere havenplak Aralsk berikke kinne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Noardlike Aralmar – foto, fideo en harktriemmen