Springe nei ynhâld

Noardfilipynske túfearn

Ut Wikipedy
Noardfilipynske túfearn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthaukeftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaitúfearnen (Nisaetus)
soarte
Nisaetus philippensis
Gould, 1863
IUCN-status: bedrige

De Noardfilipynske túfearn of Noardfilipynske toefearn (Nisaetus philippensis) is in bedrige, endemyske rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes). De fûgel komt allinnich foar op 'e Filipinen.

Lykas oare túfearnen is de Noardfilipynske túfearn in grutte rôffûgel mei brede wjukken en in lange sturt. Troch dizze lichemsbou is de soarte goed útrist om tusken de beammen troch efter in proai oan te jeien. It meast opfallende skaaimerk fan 'e túfearnen binne de langere fearren op 'e boppekant fan de kop, dy't as in túf rjochtop set wurde kinne.

De nekke en de kop binne donkerbrún fan kleur. De fûgel hat boppe in donkerbrún fearrekleed en in ljochtbrune búk. De kop en it boarst binne streke en de ûnderbúk hat in fyn patroan fan blokjes. Jonge fûgels binne in slach bleker fan kleur.

Underskie mei oare soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noardfilipynske túfearn hat in soad wei fan 'e Selebeshuningfalk (Pernis celebensis), mar is slanker en minder massyf. De soarte liket ek op 'e Súdfilipynske túfearn (Nisaetus pinskeri), mar it fearrekleed fan 'e Noardfilipynske fûgel is oer it generaal in stik brûner fan kleur.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze earn briedt yn it noarden fan de Filipinen, benammen op it eilân Luzon.

De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net opdield wurdt yn ferskate ûndersoarten. Earder waard de Súdfilipynske túfearn (N. pinskeri) út de súdlike Filipinen lykwols wol as in ûndersoarte fan 'e Noardfilipynske túfearn behannele.

De earnen út it skaai Nisaetus waarden earder ta it skaai Spizaetus rekkene, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dizze twa groepen genetysk net nau oaninoar besibbe binne.

It nêst fan 'e Noardfilipynske túfearn wurdt yn in grutte beam boud en der wurde yn 'e regel twa aaien lein. Lykas by de measte grutte earnen sil troch kaïnisme lykwols mar ien jong it nêst ferlitte. It nêst is ûnbidich grut en de boaiem is mei griene blêden bedutsen. It brieden duorret 60 dagen en wurdt foar it grutste part troch it wyfke dien, wylst it mantsje foar it iten soarget. De jonge fûgels fleane nei likernôch 105 dagen nei it útkommen fan it aai út. Om 't in pear Noardfilipynske túfearnen mar om de twa jier in pyk grutbringt, is de populaasje tige kwetsber.

Status en bedriging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noardfilipynske túfearn is in tige lytse wrâldpopulaasje dy't rûsd wurdt op mar 1.000 oant 2.000 folwoeksen fûgels. Der wurdt boppedat fan útgien dat de oantallen foars tebekrinne as gefolch fan grutskalige ûntbosking, wat mooglik noch fersterke wurdt troch de jacht. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as bedrige (Endangered).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: