Noardertrimdiel (Ljouwerteradiel)

Ut Wikipedy

It Noardertrimdiel fan Ljouwerteradiel wie it noardlikste trimdiel fan dy gritenij. Mei't it Middeltrimdiel net mear part fan de gritenij wie, waarden it Noardertrimdiel en it Sudertrimdiel losse parten binnen de gritenij. Doe't yn 1943 it Sudertrimdiel weryndield waard nei de gemeente Ljouwert, bleau it meastepart fan it Noardertrimdiel oer as it lêste part fan de gemeente Ljouwerteradiel.

It trimdiel omfieme oarspronklik Stiens, Feinsum, Hijum, Britsum, Koarnjum, Jelsum, Lekkum en Miedum.