Springe nei ynhâld

Noardatapaskyske talen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noardatabaskyske talen)
Noardatapaskyske talen
algemien
oare namme(n)Noardatabaskyske talen
lokaasjenoardwestlik Noard-Amearika
tal talen29
tal sprekkers28.000 (2010)
taalbesibskip
taalfamyljeDené-Jenisejaansk
  Na-Dené
    Ejak-Atapaskysk
      Atapaskysk
        Noardatapaskysk
subgroepensjoch: Underferdieling

De Noardatapaskyske talen of Noardatabaskyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Atapaskyske kloft fan 'e Na-Dené-taalfamylje. Dizze talen wurde sprutsen troch sa'n 28.000 leden fan Yndiaanske folken yn 'e Amerikaanske steat Alaska en it noardwestlike diel fan Kanada. De grutste taal fan dizze groep is it Tsjippewaien, fan noardwestlik Kanada, mei 12.000 sprekkers. Dyselde taal hat kwa oerflak it grutste ferspriedingsgebiet fan alle Yndiaanske talen yn Noard-Amearika.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

N.B.: de Noardatapaskyske talen wurde ornaris foar de oersichtlikheid yndield yn ferskate subgroepen, dy't lykwols inkeld op basis fan geografy gearstald binne, en neat sizze oer de ûnderlinge besibskip fan 'e oangeande talen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.