Springe nei ynhâld

Noardamerikaanske swarte strânljip

Ut Wikipedy
Noardamerikaanske swarte strânljip
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljestrânljipfûgels (Haematopodidae)
skaaistrânljippen (Haematopus)
soarte
Haematopus bachmani
Audubon, 1838
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     wintergast

De Noardamerikaanske swarte strânljip (Haematopus bachmani) is in opfallende swarte fûgel dy't oan 'e kusten fan westlik Noard-Amearika, fan 'e Aleoeten yn Alaska oant de kust fan it skiereilân Baja California libbet. De wittenskiplike namme is troch John James Audubon ôflaat fan 'e namme fan dy syn freon John Bachman.

Noardamerikaanske swarte strânljip.

De Noardamerikaanske swarte strânljip is in grutte waadfûgel, mei in swarte kop, nekke en boarst en in dûnkerbrún lichem, in likernôch 9 sm lange felreade/oranje snaffel en rôze poaten. De soarte hat in felgiele iris en in oranjereade eachring. It fearrekleed fariëarret wat fan noard nei súd, wêrby't de fûgels fierder nei it noarden ta donkerder binne.

It is oer it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet de iennichste fertsjintwurdiger fan 'e famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae), mei in lytse oerlaap mei de Amerikaanske bûnte strânljip (H. palliatus) oan 'e kust fan Baja California.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is beheind ta syn ferspriedingsgebiet en komt nea fier fan 'e kust ôf; hy hat in foarkar foar rotseftige kusten. Der wurdt wol tocht dat er benammen sjoen wurdt op kuststikken dy't wat rêstiger baaien hawwe, lykas gebieten dy't beskerme wurde troch keunstmjittige dammen. Hy siket syn iten yn 'e tuskensône en yt ynvertebraten, benammen weakdieren lykas moksels, mar ek krabben, isopoaden en seepokken. Hy siket syn iten troch fisueel te sykjen, faak sa ticht by de wetterrâne dat er opfleane moat om de brekkende weagen te mijen. Hy brûkt syn sterke snaffel om skulpen iepen en it iten los te skuorren. By heechwetter is er meastentiids ynaktyf en wurdt er rêstend waarnommen wylst er wachtet op it kearen fan it tij.

Om't Noardamerikaanske swarte strânljippen territoriaal binne, benammen yn 'e briedtiid, falle se maklik op troch harren lûde roppen as se fleane, wylst se aktyf in foerazjear- en briedgebiet yn ien territoarium ferdigenje. Fan guon pearkes is fêststeld dat se in protte jierren by inoar bliuwe. Nêsten binne lytse komkes of kûltsjes tichteby de kust, dêr't lytse keizelstientsjes en skulpresten yn smiten wurde mei in sydlingse beweging fan 'e snaffel.

Der wurde sawat twa oant trije aaien yn dit nêst lein; se binne tige hurd en kinne sels oerlibje as se ûnder wetter komme te stean troch heech tij of tige hege wetterstannen. De briedtiid duorret likernôch 26 oant 28 dagen. De piken binne by steat om it nêst nei ien dei te ferlitten, mar se bliuwe noch in lange skoft yn it territoarium nei't se fleane kinne (sawat 40 dagen). Juvenilen dy't al fleane kinne, bliuwe yn it territoarium oant it folgjende briedseizoen. As de âlden lûke, kinne de jongen fan dat jier mei harren meilûke, wat meastentiids yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet bart.

Aai en pyk fan 'e Noardamerikaanske swarte strânljip.

Hoewol't de soarte net as bedrige beskôge wurdt, wurdt de wrâldpopulaasje op mar 8.900 oant 11.000 fûgels rûsd. It is in soarte dy't yn syn hiele ferspriedingsgebiet hege prioriteit hat foar beskerming en wurdt as in essinsjele yndikatorsoarte lâns de noardlike kust fan 'e Stille Oseaan beskôge. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: