Noard Deurningen
| Noard Deurningen | ||
| Kleaster | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Dinkellân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.223 | |
| Oerflak | 11,23 km², dêrfan lân 11,08 km² dêrfan wetter 0,15 km² | |
| Offisjele webside | ||
| ootmarsum-dinkelland.nl | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje fan Noard Deurningen yn 'e gemeente Dinkellân | ||
Noard Deurningen (offisjeel: Noord Deurningen) is in doarp yn Twinte yn 'e provinsje Oerisel, Nederlân. Sûnt 2001 makket it doarp diel út fan 'e gemeente Dinkellân. It plakje leit by de N342, noardeastlik fan Denekamp op likernôch 1 kilometer fan 'e Dútske grins. Noard Deurningen by Denekamp moat net betiizge wurde mei Deurningen by Hengelo, dat ek yn Twinte leit.
It doarp hat 1.223 ynwenners.
Noard Deurningen hat in lange skiednis. Yn 1382 wie der al sprake fan 'e buorren Nortdorningen. It plak is bekend om de havesate Noorddeurningen. It goed bestie al yn 'e 14e iuw en wie in boerehiem, doe noch Lubberdink neamd. Yn 'e 17e iuw waard it ferboud ta in state. It hûs waard in kleaster doe't yn 1875 de Fransiskanessen de gebouwen oernamen. It kleaster is yn hannen fan 'e roomsk-katolike Sint-Nikolaastifting.
Fierders stiet yn Noard Deurningen sûnt 1934 in roomske parochytsjerke, de Sint-Joazeftsjerke.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dinkellân | ||
|---|---|---|
| Stêd: Oatmarsum | ||
| Doarpen: Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo | ||
| Buorskippen: Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke | ||
| Wetter: Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek | ||
