Noard-Salomonsdwerchiisfûgel
| Noard-Salomonsdwerchiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ceyx meeki | ||||||||||||
| Rothschild, 1901 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Noard-Salomonsdwerchiisfûgel (Ceyx meeki) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De wittenskiplike fûgel is ferneamd nei de Britske natoerûndersiker Albert Stewart Meek.
De soarte wie earder ien fan it grutte oantal ûndersoarten fan 'e (Ceyx lepidus of Alcedo lepidus). In molekulêre fylogenetyske stúdzje yn 2013 toande oan dat der tusken de measte ûndersoarten grutte ûnderlinge genetyske ferskillen bestienen. Dêrfandinne binne dy ûndersoarten ôfsplitst om der in aparte soarte fan te meitsjen. Dêrûnder foel ek de Noard-Salomonsdwerchiisfûgel. Tagelyk krige de Ceyx lepidus de namme Molukske dwerchiisfûgel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lytse iisfûgeltsje hat donker grienblauwe boppedielen mei ljochtblauwe plakjes en in ljochtblauwe streek oer de rêch oant de sturt. Yn 'e nekke hat de fûgel in wyt nekkeplak en tusken it each en de snaffel is in gielwyt plak. De kiel is wyt en it boarst en de búk binne gielwyt. De snaffel is donker en de poatsjes binne giel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbet yn it noarden fan 'e Salomonseilannen.
Fan 'e soarte wurde twa ûndersoarten erkend:
- Ceyx meeki meeki Rothschild, 1901: Choiseul en Santa Isabel.
- Ceyx meeki pallidus Mayr, 1935: Bûka en Bougainville.
De soarte libbet yn tichte begroeiïng yn primêr en sekundêr bosk.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 't de soarte noch net lang lyn fan 'e Ceyx lepidus ôfsplitst is, besteane der gjin rûzings fan 'e populaasjegrutte. Bosk foarmet in belangryk habitat foar it fûgeltsje en der is sprake fan ferneatiging fan bosk yn syn ferspriedingsgebiet. Dêrom wurdt ynearsten oannommen dat der sprake is fan in licht tebekrinnen fan 'e grutte fan 'e populaasje. De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
