Springe nei ynhâld

Noard-Kaap

Ut Wikipedy
Noard-Kaap
Noord-Kaap
Northern Cape
Kapa Bokone
Provinsje yn Súd-Afrika
Symboalen

Algemien
LânSúd-Afrika
HaadstêdKimberley
Grutste stêdKimberley
Befolking
Ynwennertal1.355.946 (2022)[1]
Befolkingsticht.3,6 ynw./km²
Folkenswarten 54,3%
kleurlingen 38,2%
blanken 6,8%
Yndiërs 0,7%
Religykristendom 97,8%
islam 0,8%
trad. Afrikaansk
gjin 0,3%
TalenAfrikaansk 54,6%
Tswana 35,7%
Xhosa 4,5%
Ingelsk 2,4%
Geografy
Oerflak372.889 km²
Hichte0 - 2.156 m
Oar
TiidsôneUTC+2 (SAST)
Offisjele webside
www.northern-cape.gov.za

Noard-Kaap is in provinsje fan Súd-Afrika. De provinsje is ynsteld yn 1994, doe't de eardere Kaapprovinsje spjalte waard yn Noardkaap, West-Kaap en East-Kaap. Yn it westen leit de Atlantyske Oseaan, yn it noarden Namybje en Botswana, yn it easten Noardwest en Oranje Frijsteat, en yn it súden East-Kaap en West-Kaap.

Noard-Kaap is wat oerflak oanbelanget nei it opspaltjen de grutste provinsje fan Súd-Afrika, mar ek de provinsje mei de minste ynwenners, om't in grut part fan de healwoastyn Karoo yn dit gebiet leit. Yn it noarden wennet in lyts part fan 'e Tswana, mar fierders wurdt yn dizze provinse fral Afrikaansk praat. De haadstêd fan 'e provinsje is Kimberley.

It lânskip wurdt foar in grut part bepaald troch de Karoo en de Kalahary-woastyn. De Oranjerivier streamt troch de provinsje en is tige wichtich foar de lânbou (benammen wyn- en fruitbou by Upington).

Grutste plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Offisjele nammeYnwennersBysûnderheden
Kimberley225.000Haadstêd; ferneamd om "Die Groot Gat" (diamantmyn).
Upington75.000Sintrum foar lânbou en de poarte nei de Kalahary.
Douglas20.000Leit by it gearkommen fan 'e Vaalrivier en de Oranjerivier.
De Aar30.000Wichtich spoarknooppunt foar Súd-Afrika.
Kuruman13.000Bekend om "Die Oog", in natuerlike wetterboarne yn 'e woastyn.
Springbok12.000Haadplak fan 'e Namakwa-regio.

De Noard-Kaap is yn 1994 ûntstien doe't de âlde Kaapprovinsje opdield waard yn trije nije provinsjes Noard-Kaap, West-Kaap en East-Kaap. It gebiet hat in ryk ferline dat weromgiet op 'e San en de Khoikhoi, de oarspronklike bewenners fan 'e krite. Yn 'e 19e iuw waard de skiednis fan 'e provinsje bepaald troch de ûntdekking fan diamanten by Kimberley yn 1871, wat late ta in diamantkoarts en de opkomst fan it diamantebedriuw De Beers.

De haadstêd en grutste stêd is Kimberley. De provinsje is tinbefolke, wat it bestjoer oer sa'n grut oerflak útdaagjend makket.

Kaart fan de gemeentenBestjoerlike yndieling

Noard-Kaap is opdield yn 5 distriktsgemeenten:

De provinsje hat yn totaal 26 lokale gemeenten.

De Noard-Kaap is de iennige provinsje dêr't it Afrikaansk de dominante taal is. De taal wurdt troch in krappe mearderheid fan 'e befolking as memmetaal, fral troh de blanken en keurlingen. De twadde taal is it Tswana (31,9%), dat fral yn it noardeasten fan 'e provinsje praat wurdt.

Befolkingsûntwikkeling (1996–2022)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1996 2001 2011 2022
Inwennertal 1.011.864 991.876 1.145.861 1.355.946
Groei (%) -2,0% +15,5% +18,3%

Boarne: Statistics South Africa (Census 2022 Statistical Release)

Augrabieswetterfal.
Namakwalân.

Wichtige toeristyske attraksjes binne:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Haadstêden en provinsjes fan Súd-Afrika Flagge fan Súd-Afrika
Haadstêden: BloemfonteinKaapstêdPretoria
Provinsjes: East-KaapFrijsteatGautengKwaZulu-NatalLimpopoMpumalangaNoard-KaapNoardwestWest-Kaap
· · Berjocht bewurkje