Njirrewoartel
| Njirrewoartel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Bistorta officinalis | ||||||||||||
| Delarbre, 1800 | ||||||||||||
De njirrewoartel (wittenskiplike namme: Bistorta officinalis, syn. Persicaria bistorta) is in plantesoarte út de readskonkfamylje (Polygonaceae).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme is ôflaat fan de slangeftige woartel. Ek de soartoantsjutting bistorta wiist yn dy rjochting, dat betsjut twa kear draaid.
Determinaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njirrewoartel is in fêste krûdplant. Se is mei har slangfoarmige woartelstôk en allinnichsteande bloeistâle mei tichte, rôze bloeiwize en is troch syn karakteristyk foarme blêden goed te determinearjen. De 30–100 sm hege plant begjint mei in woartelroset en hat in rjochtopsteande stâle mei in ierfoarmige bloeiwize. Hjirby komme de manlike en froulike blommen oan ien stâle foar. De út in woartelrozet ûntspringende blêden binne trijehoekich-aairûn. De plant groeit oan iggen fan sleatten, faak yn groepen. De bloeitiid rint fan maaie oant augustus.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njirrewoartel stiet op sinnige oant ljocht bedutsen, fochtige oant sompige, matich soere, itens- en humusrike, kalkearme sân-, liem- of lichte klaai en ferdraacht gjin bekalking, ûntwettering en beweiding. De plant groeit foaral yn wiete gerslannen, by sleatten lâns en yn ljochte bosken. Hy fermearderet har foaral fegetatyf. It is in yndikatoarsoarte foar it oan it oerflak kommen fan kwelwetter. De plant wurdt ek kweekt as tún- en stinzeplant en ferwylderet faak.
De plant is de weardplant foar de reade fjoerflinter en de ringeachpearelmoerflinter.
Syntaksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de syntaksonomy stiet njirrewoartel te boek as kensoarte foar de assosjaasje fan ingelwoartel en moeraszegge.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Europa komt de plant oeral foar, útsein yn it noarden fan Skandinaavje. Ek yn Aazje komt de plant yn de tuskenbeiden streken foar. Yn Noard-Amearika is de plant ynfierd, se kin der ûnder oare yn Alaska fûn wurde. Ek op oare plakken is de plant soms ynboargere.
Yn Nederlân is de soart frij seldsum yn Noard-Brabân en yn it súdeasten, seldsum yn Gelderlân, Oerisel en yn it noardeasten en earne oars tige seldsum. De plant komt yn it wyld foaral by feanrivierkes foar; it tal groeiplakken nimt stadichoan ôf. Yn België is de njirrewoartel algemiener yn Walloanje dan yn Flaanderen. Yn Flaanderen is in dúdlik eastlik swiertepunt waar te nimmen. Yn Limboarch, Antwerpen, East-Flaanderen en Flaamsk-Brabân hat it gros fan'e groeiplakken in natuerlik karakter. Inkeld yn de Ardennen is it in algemiene soart.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 'e 15e iuw waard de plant brûkt yn 'e genêskunde. It krûd wie al earder beskreaun, mar dan ûnder oare nammen. De plant waard brûkt tsjin skuorbot en as wûnkrûd of bloedstjelpend middel. Troch de foarm fan de woartel koe it neffens de signatuerlear tapast wurde by njirrebiten en oar gif. In âlde namme foar it krûd wie dan ek Serpentaria. It is noch altyd ien fan de bêste gearlûkende krûden. Yn it ferline waard de plant in soad as griente iten, benammen de spruten en it jong blêd. Se waard ek brûkt by it learloaien.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stinzeplant
- Plantesoarte
- Readskonk (famylje)
- Lânseigen floara yn Abgaazje
- Lânseigen floara yn Albaanje
- Lânseigen floara yn Andorra
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn Belgje
- Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Estlân
- Lânseigen floara yn Fatikaanstêd
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Fryslân
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Gibraltar
- Lânseigen floara yn Grikelân
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Letlân
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Litouwen
- Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Monako
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Portegal
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn San Marino
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Sibearje
- Lânseigen floara yn Skotlân
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Súd-Osseesje
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen floara yn Marokko
- Lânseigen floara yn Yndia
- Lânseigen floara yn Irak
- Lânseigen floara yn Iran
- Lânseigen floara yn Japan
- Lânseigen floara yn Nepal
- Lânseigen floara yn Noard-Koreä
- Lânseigen floara yn Pakistan
- Lânseigen floara yn Sina
- Lânseigen floara yn Súd-Koreä
- Eksoat yn Denemark
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Finlân
- Eksoat yn Ierlân
- Eksoat yn Yslân
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Man
- Eksoat yn Noard-Ierlân
- Eksoat yn Noarwegen
- Eksoat yn Sweden