Njasadwerchpappegaai
| Njasadwerchpappegaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Agapornis lilianae | ||||||||||||
| Shelley, 1894 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Njasadwerchpappegaai (Agapornis lilianae) is in fûgelsoarte út it skaai dwerchpappegaaien.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei in lingte fan likernôch 13 oant 13,5 sm is de Njasadwerchpappegaai ien fan 'e lytste fûgels yn it skaai. De fûgel hat in felgrien fearrekleed mei in opfallend oranjeread gesicht, foarholle en kiel en in wite eachring. De kroan en it boppeste diel fan it boarst hawwe faak in sêftere, salmrôze tint. Nei it boarst ta giet it oranjegiel of salmrôze oer yn in smel giel gebiet en dêrûnder is de fûgel grien. Syn snaffel is read en wurdt ljochter by de basis. Der bestiet gjin sichtber ferskil tusken mantsjes en poppen.
De fûgel wurdt faak betiizge mei de Fischers dwerchpappegaai, mar hy ûnderskiedt him troch de foar it skaai unike griene stút. Dêrnjonken is it oranjereade masker minder djip fan kleur as by de Fischers dwerchpappegaai. Yn gedrach hat de soarte lykwols it measte fan 'e swartwangdwerchpappegaai.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn rivieregebieten yn it suden fan Tanzania, yn it noarden fan Simbabwe, yn it noardwesten fan Mozambyk, yn it Nasjonale Park Liwonde yn Malawy en yn 'e dellingen fan 'e Luangwa en Sambezy yn Sambia.
Yn it wyld libje se yn opfallend grutte groepen yn Mopane-bosken.
De fûgel wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin erkende ûndersoarten binne.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Njasadwerchpappegaai is faaks de meast sosjale fan alle soarten yn it skaai. Yn it wyld libje se yn groepen fan 20 oant wol 100 fûgels. Se dogge alles tegearre: iten sykje, drinke en it poetsen fan 'e fearren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN hat op it stuit de status gefoelich (Near Threatened, 2018) op 'e Reade list. De populaasje wurdt op mar 6.000 oant 15.000 folwoeksen fûgels rûsd en dat oantal nimt stadichoan ôf. De soarte wurdt troch CITES Appendix II beskerme, mar der is noch jimmeroan yllegale fangst foar de lokale en ynternasjonale hannel. Oare bedrigingen binne it ferlies fan 'e âlde Mopane-bosken, fergiftiging fan puollen troch jagers en klimaatferoaring.
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Njasadwerchpappegaai is ien fan 'e dregere soarten fan it skaai om mei te kweken. Se binne tige gefoelich foar feroaringen, kinne net oer kjeld en ha spesifike easken, lykas in hege luchtfochtichheid yn it nêstblok.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel ferwiist nei Lilian Elizabeth Lutley Sclater (1863–1957), de dochter fan 'e Ingelske ornitolooch Philip Lutley Sclater. De algemiene gebrûksnamme ferwiist nei Njasalân, de koloniale namme fan Malawy.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
