Nils van der Poel

Ut Wikipedy
Nils van der Poel
sporter
Nils van der Poel (2022)
Nils van der Poel (2022)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nils Göran van der Poel
nasjonaliteit Sweedsk
bertedatum 25 april 1996
berteplak Trollhättan
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Pyeongchang 2018,
Peking 2022,
debút 2012
karriêre-ein 2022
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 2022
1x goud WK allround 2022

Nils Göran van der Poel (Trollhättan, 25 april 1996) is in earder Sweedsk reedrider. Van der Poel is twa kear eare foar syn prestaasjes mei de Oscar Mathisen-trofee.

Hy die trije kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en it Europeesk kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, en twafâldich Olympysk kampioen.

Van der Poels pake emigrearre yn 1953 út Nederlân wei nei Sweden, en boaske yn Sweden mei in Hongaarske dy't yn 1956 nei Sweden flechte wie fanwegen de Hongaarske Opstân. Van der Poel is yn de Sweedske taal grutbrocht en is de Nederlânske en Hongaarske taal, fan syn pake en beppe fan heit syn kant net machtich. Van der Poel is in wat wispelturig man, en stopte yn 2015 en yn 2018 al ris mei reedriden. om him te rjochtsjen op syn studzje syn tsjinstplicht en oare sporten bygelyks it Ultrarinnen. Nei de Winterspullen fan 2022 stoppe er foar de tredde kear mei it reedriden.

Persoanlike rekôrs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 37,33 5 maart 2022 flagge fan Noarwegen Vikingskipet, Hamar
1000 meter 1.13,92 15 novimber 2014 flagge fan Noarwegen Vikingskipet, Hamar
1500 meter 1.47,18 4 desimber 2021 flagge fan de Feriene Steaten Utah Olympic Oval, Salt Lake City
3 km 3.51,12 15 novimber 2014 flagge fan Noarwegen Vikingskipet, Hamar
5 km 6.01,56 3 desimber 2021 flagge fan de Feriene Steaten Utah Olympic Oval, Salt Lake City
10 km 12.30,74 11 febrewaris 2022 flagge fan Sina National Speed Skating Oval, Peking

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier EK
Allround
WK
Allround
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
2014 24ste 19e
2017 12e 10 km, 8ste
2018 6e 5 km, 14e
2021 4e 5 km, Goud
10 km, Goud
2022 Goud 5 km, Goud
10 km, Goud

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:SE