Springe nei ynhâld

Nikolaj Severtsov

Ut Wikipedy
Nikolaj Severtsov
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Russysk
berne5 novimber 1827
stoarn7 febrewaris 1885 (57 jier)
wurkpaad
berop/amtBiolooch
aktyf asBiolooch, ûntdekkingsreizger

Nikolaj Aleksejevitsj Severtsov (Russysk: Николай Алексеевич Северцов) (Gûvernemint Voronezj, 5 novimber 1827 - Don, 8 febrewaris 1885) wie in Russyske ûntdekkingsreizger en natuerûndersiker.

Severtsov waard berne yn Khvoshjevatovo, yn it distrikt Zemlyansky, Voronezj, dêr't syn heit Aleksej Petrovitsj in pinsjonearre garde-offisier wie dy't tsjinne hie yn 'e Patriotyske Oarloch fan 1812, en in earm ferlear yn 'e Slach by Borodino.
Hy rekke ynteressearre yn natuerlike-histoarje nei't er as bern it wurk fan Buffon lêzen hie en op jacht gie. Hy studearre oan de Universiteit fan Moskou dêr't er beynfloede waard troch Karl Rouillier, dy't wat Haeckel ekology neamde as "algemiene dierkunde" beskôge. Syn masterskripsje gie oer it seizoenslibben fan bisten yn 'e provinsje Voronezj. Doe't er 18 jier wie krige er kunde oan yn Grigory Karelin en krige er belangstelling foar Sintraal-Aazje. Yn 1855 sollisearre er nei in posysje as heechlearaar, mar waard net beneamd. Yn 1857 gie er mei op in missy nei Syr Darja. Op 'e ekspedysje nei de Syr Darya waard hy finzen nommen troch it Kokand-folk by Fort Perovsky en pas nei in moanne frijlitten. Hy wie fan 1860 oant 1862 by ûnder it Oeral Kozakkeleger oansletten. Yn 1864 tsjinne hy yn 'e Kokand-kampanje ûnder Michail Tsjernjajev en wie er belutsen by topografyske ûndersiken. Hy die wittenskiplike stúdzjes, sammele hast 12.000 eksimplaren yn dizze perioade en krige in earedoktoraat. Yn 1865–68 ferkende hy de Tiensjan-bergen en it Issyk-Koelmar. Yn 1877–78 ferkende hy it Pamirberchtme en folge in rûte tichtby de hjoeddeiske Pamir-snelwei oant it Yashil-Koelmar oan 'e rivier de Ghunt.

Neffens syn studint Menzbier skreau Severtsov mei tsjinsin. Ien fan syn wurken wie de 'Fertikale en Horizontale Ferdieling fan it Wyldlibben yn Turkestan' (1873), dy't de earste beskriuwing befette fan in oantal bisten. Dêrûnder is in ûndersoarte fan argali (wylde skiep) dy't letter nei him neamd waard: Ovis ammon severtzovi. Hy beskreau ek in protte nije soarten en ûndersoarten fan fûgels. De flekte grutte roazefink, Carpodacus rubicilla severtzovi, is ien fan dyjingen dy't nei him neamd binne.

Severtsov skreau oer de geografyske fariaasjes fan fûgels, wat troch him 'soölogyske etnografy' neamd waard. Dat wurk luts Charles Darwin syn belangstelling. Yn 1875 besocht Severtsov Darwin yn Ingelân. Severtsov begon in kolleksje fûgels oan te lizzen op it lângoed Petrovskoe. Op 7 febrewaris 1885 gie er werom nei hûs yn in wein lâns de beferzen rivier de Ikorts dy't yn 'e Don útmûnet. De wein sakke troch it iis en sonk. Wylst elkenien himsels in feilichheid brocht en besocht in waarm plak yn 'e buert te finen, ferlear hy in soad tiid mei it sykjen nei syn portefúlje, sakke troch it iis en ferdronk. Syn koetsier frear dea.

It Ynstitút foar Ekology en Evolúsje fan 'e Russyske Akademy fan Wittenskippen yn Moskou is neamd nei syn soan Alexei Severtsov (1866-1936).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: