Nikolaastsjerke (Swichum)

Ut Wikipedy
Nikolaastsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Swichum
koördinaten 53° 09' N 5° 49' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24519 [1]
Webside
Side Tsjerkje fan Swichum
Kaart
Nikolaastsjerke (Fryslân)
Nikolaastsjerke

De Nikolaastsjerke is in tsjerkegebou yn Swichum. It 13e-iuwske gebou wurdt tsjintwurdich brûkt foar kulturele aktiviteiten en as troulokaasje. Hjoed de dei is Swichum tsjerklik op it oanbuorjende Wurdum oriëntearre. Oarspronklik foarmen Goutum en Swichum ien gemeente. Hja dielden de tsjerkeried en de dûmny [2] en tsjintwurdich is it hôf om de tsjerke noch altiten eigendom fan de protestanske gemeente fan Goutum. Yn 1998 waard de Swichumer tsjerke oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.[3].

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Piscina

De oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke waard yn de 13e iuw op in terp boud, dy't om 1900 hinne foar it grutste part ôfgroeven waard. Yn 1580 fierden de Fryske Steaten de reformaasje yn. De lêste pastoar fan Swichum, Hieronymus, bleau krekt as de pastoar fan Goutum trou oan de katolike lear en moast doe flechtsje. Hieronymus waard kapelaan oan de Grinzer Martinytsjerke.[4] De beide klokken yn de sealtektoer stamme út 1438 en 1548. Se datearje noch út de katolike tiid en binne neffens de opskriften oarspronlik oan de hillige Nikolaas en Sint-Katarina wijd.

Eksterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it muorrewurk fan de tsjerke is te sjen dat der faak wat feroare is. In súdlik portaal is mei gieltsjes tichtmitsele, dy't ôfstekke fan it fierder mei gruttensdiels readkleurige kleastermoppen boude skip fan de tsjerke. Oan de noardlike kant fan de tsjerke is op de grins fan it skip en it koer noch út de katolike tiid in piscina te sjen, dy't tsjinne foar de ôffier fan wijd wetter. Sawol yn it koer en it noardlike skip falle de tichtmitsele romaanske finsters noch op. Ek romaansk is it rûnbôgefries mei dêr ûnder lytse konsoles mei dêr op ferware gesichtjes. It koer dêrfoaroer is fersierd mei in keperfries, itjinge de ferûnderstelling mooglik makket dat de tsjerke ea koarter west hat. De iepen ramen binne sûnder útsûndering yn goatyske styl. Oan de lytsere bakstien boppe de friezen is ôf te lêzen dat de muorren letter ferhege binne. Yn de 19e iuw waard de toer fanwegen de minne steat mei nije bakstien ommantele. Nijsgjirrich is in opfallende giele bakstien yn de súdlike muorre ûnder it fries boppe it tichtmitsele portaal. It hat in reliëf fan in skaal en twa druvetrossen.

Ien fan de gevelstiennen, ôfkomstich fan it yn 1912 ôfbrutsen Aytta-Godshûs

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preekstoel achter it doophek datearret fan de 17e iuw. De rest fan it tsjerkemeubilêr stamt foar de haadsaak út de 19e iuw. Oer de flier lizze sarken út de 16e en 17e iuw fan de Aytta's en Wiarda's.

Yn it súdlike raam fan it koer binne in pear gleskes te sjen mei foarstellings fan in pappegaai, in tulp, in titelroas en de wurden Jr. Aytta van Swichem A 1626. De foarstellings binne ôfkomstich út de state en brânskildere yn de styl fan Margareta de Heer. Se datearje út it begjin fan de 17e iuw en binne oankocht fan in neikommeling fan immen, dy't noch meiholpen hat de state ôf te brekken.[5]

De tsjerke hat gjin oargel.

Ayttastate[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eartiids stie foar de tsjerke oer de Ayttastate mei dêr omhinne in grêft. De stins waard oan de ein fan de 18e iuw ôfbrutsen. Op it plak stiet tsjintwurdich in kop-hals-romppleats út 1847-1848. As oantinken oan de state groeit by de pleats noch jimmeroan it nei de state ferneamde stinzeplantsje it saneamde Ayttablomke.[6] Noardeastlik fan de tsjerke stie foarhinne it Aytta-Godshûs, dat om 1912 hinne sloopt waard. Yn de muorre om it hôf binne oan de kant fan de dyk inkelde gevelstiennen âlde gevelstiennen fan it Aytta-Godshûs ynmitsele mei wapens.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: