Springe nei ynhâld

Nikobarenparkyt

Ut Wikipedy
Nikobarenparkyt
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaiealparkiten (Psittacula)
soarte
Psittacula caniceps
Blyth, 1846
IUCN-status: gefoelich

De Nikobarenparkyt (Psittacula caniceps) is in fûgelsoarte fan it skaai ealparkiten (Psittacula) út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

De Nikobarenparkyt is in grutte, griene parkyt fan 56 oant 61 sm mei in lange sturt en grize kop. Lykas by de Derby's parkyt hat de fûgel in swarte slabbe op 'e kiel. Ek hat er in swarte streek tusken de eagen oer de foarholle, mar krêftiger as by de Derby's parkyt. It mantsje hat in reade boppesnaffel mei in kiele punt en in swarte ûndersnaffel. By wyfkes is de snaffel hielendal swart.

De soarte is endemysk op 'e Nikobaren, in groep Yndiaaske eilannen yn 'e Golf fan Bingalen yn it easten fan 'e Yndyske Oseaan.

De soarte bestiet út in relatyf lytse populaasje yn in lyts ferspriedingsgebiet. De fûgel wurdt út de natuer fongen om as kouwefûgel te hâlden en der is sprake fan biotoopferlies. Syn ferspriedingsgebiet is lykwols net fragmintearre en dêrom wurdt de fûgel as gefoelich op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre. Mooglik hat de tsûnamy yn 'e Yndyske Oseaan fan 2004 grutte skea oan 'e populaasje brocht.

It oantal eksimplaren wurdt tusken 10.000 oant 19.999 rûsd. Dat betsjut dat der 6.000 oant 15.000 folwoeksen fûgels binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: