Springe nei ynhâld

Nijseelânske woffer

Ut Wikipedy
Nijseelânske woffer
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireiddompen (Botaurus)
soarte
Botaurus novaezelandiae
Purdie, 1871
IUCN-status: útstoarn

De Nijseelânske woffer (Botaurus novaezelandiae) is in útstoarne fûgel yn 'e famylje reiddompen (Botaurus) yn it skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes). De fûgel kaam eartiids foar yn Nij-Seelân.

It earste eksimplaar waard yn 1836 sammele by Touranga op it Noardereilân fan Nij-Seelân, mar dat eksimplaar is net mear werom te finen. Sûnt dy tiid binne der gjin oare eksimplaren mear op it Noardereilân fûn, sadat oannommen wurdt dat it om in dwaalgast fan it Sudereilân gie, dêr't noch in stikmannich (likernôch tsien) oare fynsten dien binne, allegear yn it distrikt Westland. It type-eksimplaar dat no bewarre wurdt yn it nasjonale museum Te Papa Tongarewa waard sammele by de mar Lake Wakatipu yn Otago op it Sudereilân.

De Nij-Seelânske woffer wie in fûgel fan likernôch 36 sintimeter lang. Hy wie readbrún yn it gesicht, op 'e hals en op it boppeste part fan it boarst. De ûnderkant, de wynbraustreek en de kiel wiene wyt, wylst de krún, nekke, rêch, de boppesturtdekfearren en sturt swart wiene. De wjukdekfearren wiene gielbrún, de hânpinnen swart en de earmpinnen wyt. De snaffel wie oranjegiel en de poaten gielich.

Neffens in brief fan in samler mei de namme Docherty, dy't in oantal eksimplaren sammele hie, libben de fûgels by sâltwetterlagunen oan 'e kust, altyd by de begroeiïng. Se libben tige solitêr en koenen oeren op itselde plak stean bliuwe. Yn finzenskip iet de fûgel wjirms en fisk.

Om net wisse redenen ferdwûn de soarte yn 'e jierren 1890 en sûnt dy tiid is er net mear waarnommen. Dêrom klassifisearret de IUCN de fûgel as útstoarn (EX).

Der wurdt oannommen dat ynfierde rôfdieren en jacht in rol spile hawwe, om't dy faktoaren oan 'e basis lizze fan it ferdwinen fan 'e measte Nijseelânske fûgelsoarten. Nei alle gedachten waard de Nijseelânske woffer seldsum troch de iere fersprieding fan brune rotten en ferwyldere katten op Nij-Seelân. In yn finzenskip holden fûgel waard tige benaud by it sjen fan in kat. De genedeklap liket gear te fallen mei de earste weach fan 'e harmelingeynvaazje oan 'e westkust, dy't plakfûn foardat de wiete gebieten dêre drûchlein waarden foar de lânbou.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: