Springe nei ynhâld

Nijseelânske wilster

Ut Wikipedy
Nijseelânske wilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaistrânwilsters (Thinornis )
soarte
Thinornis novaeseelandiae
Gmelin, 1789
IUCN-status: bedrige

De Nijseelânske wilster (Thinornis novaeseelandiae) is in fûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De hiele wrâldpopulaasje bestiet mar út in hiel lyts oantal fûgels, mar oannommen wurdt dat de oantallen troch effektive beskerming wer tanimme.

Fûgel op Rangitoto.

De Nijseelânske wilster is in frij grutte waadfûgel fan likernôch 20 sintimeter lang. Folwoeksen fûgels binne donker markearre. Op 'e foarholle, de wangen, de kiel en de kraach is it mantsje swart en it wyfke brún. Boppe de foarholle is in wite bân dy't om 'e kop trochrint. De kroan, de efterkant fan 'e kop en de boppekant binne griisbrún, wylst de ûnderkant wyt is. De oranjereade snaffel hat in swarte punt en de poaten binne oranjerôze. Juvenilen binne wyt op 'e kop en nekke mei brúngriis op 'e kroan en om it each hinne en in brune snaffel mei in oranje snaffelbasis.

Yn 'e 19e iuw wienen der noch meldingen fan Nijseelânske wilsters op it Sudereilân en ferskillende dielen fan it Noardereilân. Tsjin 'e jierren 1870 wiene se fan it fêstelân ferdwûn en oerlibbe de soarte allinnich noch op 'e Chathameilannen. Yntrodusearre rôfdieren lykas ferwyldere katten en brune rotten feroarsaken it útstjerren op dy plakken.

De Nijseelânske wilster waard yn 1872 foar it lêst sjoen op it fêstelân fan Nij-Seelân. De folsleine populaasje fan Nijseelânske wilsters bestiet út likernôch 250 fûgels. De soarte oerlibbe op mar ien eilân fan 'e Chathameilannen, Rangatira. Dêrwei binne se yntrodusearre op in pear oare eilannen foar de Nijseelânske kust. De fûgel is ôfhinklik fan it beskermjen fan it habitat, de bestriding fan predaasje en in lyts briedprogramma fan in oantal pearkes.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: