Springe nei ynhâld

Nijseelânske swan

Ut Wikipedy
Nijseelânske swan
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai swannen (Cygnus)
soarte
Cygnus sumnerensis
Forbes, 1890
útstoarn (±1650)

De Nijseelânske swan (Cygnus sumnerensis), yn'e taal fan Maori Poūwa, is in útstoarne swannesoarte. De fossile resten waarden yn 'e Moncks Cave by Christchurch en op 'e Chathameilannen op it Sudereilân fan Nij-Seelân fûn. De tafoeging sumnerensis slacht op op Sumner, in plakje by Christchurch dêr't de fossilen fûn waarden.

Earder waard de Nijseelânske swan ek as in ûndersoarte fan 'e swarte swan (Cygnus atratus) beskôge. Yn 2017 koe mei it DNA út de fossile bonken fêststeld wurde dat it om in aparte soarte gie.

De fûgel spjalte him nei alle gedachten twa oant ien miljoen jier ferlyn fan 'e swarte swan ôf. Op Nij-Seelân evoluearre de fûgel ta in aparte soarte, dy't likernôch 1 m heech, 20 oant 32% swierder as de Swarte Swan wie en in rûsd gewicht fan 6 oant 10 kg hie. De soarte op Nij Seelân hie boppedat langere poaten en koartere wjukken. De fûgel koe fleane, mar minder goed as de swarte swan en libbe mear op it lân.

De soarte stoar út nei't minsken Nij-Seelân kolonisearren. Op it haadeilân wie dat om 1450 hinne en op de Chathameilannen om 1650 hinne. Om't de fossilen by Sumner fûn waarden mei pylken en resten fan moä's en oare bisten, is it wis dat de Maori op 'e fûgels jagen. De Nijseelânske swannen stoaren troch dy jacht en it sammeljen fan harren aaien út.

Yn 'e jierren 1860 waard de Australyske swarte swan as eksoat op Nij-Seelân ynfierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: