Nijseelânske stikelsturt
Nijseelânske stikelsturt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
† Oxyura vantetsi | ||||||||||||
Worthy, 2005 | ||||||||||||
Utstoarn
| ||||||||||||
De Nijseelânske stikelsturt (Oxyura vantetsi) wie in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It wie in soarte fan it skaai stikelsturten (Oxyura).
De soarte is allinne bekend fan subfossile resten en waard foar it earst as in útstoarne soarte troch Trevor Worthy yn 2005 beskreaun. De fûgel wie nau besibbe oan 'e Australyske stikelsturt, mar syn bonken wiene likernôch in tsiende lytser as de Australyske sibbe. It holotype waard yn 1967 fûn by de Poukawamar yn Hawke's Bay op it Nijseelânske Noardereilân en wurdt bewarre yn 'e kolleksje fan it Museum of New Zealand Te Papa Tongarewa.
De soarte namme betinkt de Australyske ornitolooch Gerard Frederick van Tets (1929–1995), dy't yn 1983 as earste de relaasje fan 'e soarte mei de stikelsturteinen lei.
Nei alle gedachten stoar de fûgel yn 'e 16e iuw út troch de jacht fan 'e Maori.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes: en:New Zealand stiff-tailed duck
|