Springe nei ynhâld

Nijseelânske muskusein

Ut Wikipedy
Nijseelânske muskusein

Subfossilen fan 'e soarte yn it Museum of New Zealand Te Papa Tongarewa.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaikwabeinen (Biziura)
soarte
Biziura delautouri
Forbes, 1892
† Utstoarn

De Nijseelânske muskusein of Nijseelânske kwabein (Biziura delautouri) is in útstoarne fûgelsoarte fan Nij-Seelân. De fûgel is allinne bekend fan subfossile bonken. De soarte wie sa'n 10% grutter as syn meast besibbe famyljelid, de Australyske muskusein, dêr't er earder ek wol mei kombinearre waard.

De Nijseelânske muskusein stoar yn 'e 16e iuw út troch de jacht fan minsken.

It earste subfossyl fan 'e fûgel, in tarsometatarus (in stik fan 'e poat), waard mei in grut tal moäbonken fûn yn Enfield by Oamaru op it Sudereilân fan Nij-Seelân. De fûgel waard foar it earst yn 1892 troch Henry Forbes as Biziura delautouri beskreaun, de doetiidske direkteur fan it Canterbury Museum yn Christchurch. Hy ferneamd de fûgel nei H. de Lautour, dy't him oan 'e soarte holp. By in oare beskriuwing fan Forbes brûkte er de namme Biziura lautouri, mar de earste wurdt oanholden.

Dêrwei waard materiaal fûn op Marfells Beach by Lake Grassmere op it noardeastlike ein fan it Sudereilân. Dat materiaal waard yn 1969 troch Ron Scarlet beskreaun en hy brocht in ferwizing oan nei de B. lobata. Oare subfossilen waarden by Lake Poukawa en Waikuku Beach op it Noardereilân fûn.

De Australyske muskusein.

Dúdlik is dat de soarte in soad like op 'e Australyske muskusein. Ut in analyse fan it beskikbere Biziura-materiaal fan Nij-Seelân troch Trevor Worthy die bliken dat de Nijseelânske soarte grutter wie as syn Australyske sibbe. Rekkenhâldend mei it gruttere formaat, joegen de mjittingen oan dat de Nijseelânske fûgel ek relatyf gruttere poaten en koartere wjukken hie as syn Australyske sibbe, wat nei alle gedachten betsjut dat de Nijseelânske fûgel mear op de grûn libbe, alhoewol't er noch altiten wol fleane koe. De kombinaasje fan ferskillen yn formaat, foarm en de relative ferhâldingen fan 'e bonken befêstigen dat de Nijseelânske muskusein in aparte soarte west hat.

De fossilen fan 'e soarte binne fûn yn grutte wiete gebieten. Dêrút kin opmakke wurde dat de soarte ferlet hie fan itselde biotoop as de Australyske muskusein: grutte, permaninte sompen, marren en estuaria mei in soad wetter om dêr yn te foerazjearjen. De soarte libbe hast folslein op it wetter en de Nijseelânske biolooch Kerry-Jayne Wilson spekulearre dat de fûgel mooglik op gruttere proaien as oare einen jaagde, lykas rivierkreeften, grutte ynsekten, weakdieren en fisken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: en:New Zealand musk duck