Nijseelânske do
| Nijseelânske do | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Hemiphaga novaeseelandiae | ||||||||||||
| (Gmelin, 1789) | ||||||||||||
De Nijseelânske do (Hemiphaga novaeseelandiae) is ien fan 'e twa soarten yn it skaai Nijseelânske dowen (Hemiphaga) út 'e famylje dowen (Columbidae). Yn it Maoary wurdt de do kererū neamd.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kererū is mei in lingte fan 51–55 cm en in gewicht fan likernôch 550-850 gram in grutte do. De kop en it boarst binne grien, de boppedielen en it skouder readbrún oant brûnskleurich en de wjukken blaugriis. Yn it sinneljocht binne de fearren irisearjend. De fûgel hat in wyt boarst en ûnderliif De sturt is lang en donker, mei oan 'e ein fan 'e sturtfearren in ljocht bân. De fûgel hat in read each, rôzereade poaten en in reade snaffel, dy't oan 'e ein oranje-eftich wurdt. Tusken mantsjes en wyfkes binne wat de fearren oanbelanget gjin ferskillen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt op it Noardereilân en Sudereilân fan Nij-Seelân foar en op guon omlizzen eilannen, lykas Stewart Island. Dêr libbet er yn natuerlik bosk oant degradearre bosk en sels parken. Hy is fral yn bosk mei fruchtbeammen te finnen om't fruchten it grutste part fan syn iten foarmje.
Earder waard de Chathamdo as ûndersoarte fan 'e Nijseelânske do beskôge, mar dy fûgel wurdt hjoed-de-dei as in aparte soarte beskôge.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte yt fruchten fan in protte ynlânske beammen, lykas miro, tawa, puriri en nikau en spilet dêrby in wichtige rol yn it fersprieden fan sied. Se ha in krêftige wjukslach, mar fleane net oer lange ôfstannen. It ienfâldige nêst yn 'e beam bestiet yn 'e regel út ien aai.
Se kinne frij nuet wêze en komme yn guon gebieten maklik yn kontakt mei minsken, fral yn stêden mei natuerlike parken.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt troch IUCN as net bedrige (LC) beskôge. Yn it ferline naam de populaasje ôf fanwegen habitatferlies, jacht en de ynfiering fan rôfdieren (lykas opossums, katten en harmelings). De lêste tiid nimme de oantallen wer ta troch in bettere natuerbeskerming, it yn 'e hân hâlden fan rôfdieren, it plantsjen fan fruchtdragende beamsoarten en natuerûntwikkeling. De populaasje bestiet neffens in rûzing út in pear hûnderttûzen fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
