Nijseelânske dûker
| Nijseelânske dûker | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Poliocephalus rufopectus | ||||||||||||
| Gray, 1843 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Nijseelânske dûker (Poliocephalus rufopectus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels, dy't allinnich op Nij-Seelân foarkomt.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poliocephalus rufopectus waard oarspronklik troch de Ingelske ornitolooch George Robert Gray beskreaun as Podiceps rufopectus G.R.Gray, 1843, binnen it subskaai Poliocephalus. It type-eksimplaar waard op Nij-Seelân sammele troch de Britske botanikus en wittenskiplike samler Andrew Sinclair.
Poliocephalus rufopectus is ien fan 'e twa soarten yn it skaai griiskopdûkers (Poliocephalus). De oare is de griiskopdûker (Poliocephalus poliocephalus), dy't lânseigen is yn Austraalje mar ek wol yn Nij-Seelân sjoen wurdt.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijseelânske dûker hat in donkerbrún fearrekleed, in lytse swarte kop mei fine sulveren fearkes, in swart, spits snaffeltsje en karakteristike giele eagen. Hy wurdt likernôch 29 sintimeter lang en weaget likernôch 250 gram.
Fûgels bûten de briedtiid hawwe in bleker fearrekleed. Wyfkes binne oer it generaal wat lytser as mantsjes en hawwe in wat koartere snaffel.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijseelânske dûker libbet benammen op ûndjippe swietwettermarren, puollen en ynhammen dy't yn 'e lijte lizze.
Hjoed-de-dei komt de soarte benammen foar op it Noardereilân, dêr't er wiid ferspraat is oer de kustmarren oan 'e westkust, fan North Cape oant Pukekohe, en fan Taranaki oant Paraparaumu. Ek komt er foar op puollen fan it Fulkanysk Plato fan it Noardereilân, yn Gisborne, Hawke's Bay en de Wairarapa.
Eartiids kaam de soarte ek foar op 'e leechlânmarren fan it Súdereilân, mar yn 'e 19e iuw gie de populaasje dêr om ûnbekende redenen hurd efterút. De lêste reguliere waarnimming fan in briedende populaasje op it Súdereilân wie yn 1941. Yn 2012 briedde der foar it earst sûnt in hiel skoft wer in pear by Takaka.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze swietwetterdûkers fleane yn 'e regel allinnich nachts. Oerdeis binne se altiten op it wetter te finen: se swimme en dûke geregeld om iten te sykjen. As se oerdeis yn gefaar komme of fersteurd wurde, fleane se net fuort, mar swimme of dûke se fuort.
Yn 'e hjerst en by 't winter komme se foar yn groepen, wylst se yn 'e briedtiid benammen yn monogame pearen sjoen wurde. Se binne territoriaal en kinne agressyf op ynkringers reagearje. De soarte is oars frij stil, mar lit yn 'e briedtiid en by noed koarte roppen hearre.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet benammen út wetterynsekten en harren larven, en ek út lytse weakdieren lykas swietwetterslakken. Gruttere proaien, lykas fisken en swietwetterkreeften, wurde soms ek fretten.
It koarte, spitse snaffeltsje is oanpast oan it foar it grutste part út wringeleaze dieren besteande dieet. De proai wurdt by it dûken ûnder wetter fongen, mar kin ek fan it wetteroerflak oppikt wurde.
Briedtiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De briedtiid rint fan juny oant maart. In pear leit yn 'e regel twa oant trije aaien, dy't troch sawol it mantsje as it wyfke 22 oant 23 dagen bebret wurde.
It nêst wurdt foar it grutste part makke fan begroeiïng út 'e omkriten, wêrûnder driuwend plantemateriaal. De jongen binne nêstflechters. Hoewol't se de earste wiken noch net fleane kinne, kinne se wol swimme en dûke.
Beide âlden helpe by it grutbringen en fuorjen fan 'e jongen oant sa'n 70 dagen nei it útkommen. Oant it folwoeksen fearrekleed ûntwikkele is, hawwe de jongen ûnregelmjittige streken op 'e kop en hals en is de snaffel swart.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijseelânske dûker is endemysk op Nij-Seelân en komt tsjintwurdich allinnich noch op it Noardereilân foar. Yn 1994 klassifisearre de IUCN de soarte as bedrige (Endangered). Troch beskerming en behear fan it leefgebiet is de populaasje de lêste tiid tanommen oant in pear tûzen fûgels. Yn 2016 waard de status feroare nei gefoelich (Near Threatened) en yn 2022 nei net bedrige (Least Concern).
Ek minsklike aktiviteiten hawwe tsjintwurdich in posityf effekt. Keunstmjittige leefgebieten, lykas it oanlizzen fan puollen troch boeren foar it fee, hawwe it biotoop fan 'e soarte fergrutte. Hoewol't de populaasje noch relatyf lyts is, wurdt tocht dat dy net mear efterútgiet.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
