Nijjiersbrân fan Crans-Montana
Appearance
| Nijjiersbrân yn Crans-Montana | ||
| Bar Le Constellation | ||
| bysûnderheden | ||
| type ramp | brân | |
| oarsaak | mooglik fjoerwurk dat oanstutsen waard, wêrnei't it plafond yn 'e brân fleach. | |
| datum | 1 jannewaris 2026 | |
| tiid | om 1.30 hinne | |
| lân | ||
| Kanton | ||
| Distrikt | Sierre | |
| plak | Crans-Montana | |
| statistiken | ||
| deaden | 40 | |
| ferwûnen | 116 | |
| lokaasje | ||
De Nijjiersbrân fan Crans-Montana wie in brân op nijjiersmoarn om likernôch 01:30 oere by de jierwikseling fan 2025 op 2026 yn Bar Le Constellation yn 'e Switserske gemeente Crans-Montana. Mear as fjirtich minsken ferlearen it libben en mear as hûndert rekken slim ferwûne. De slachtoffers binne meast jongfolwoeksenen en teenagers.
Neffens it Switserske Iepenbier Ministearje wurdt op basis fan byldmateriaal tocht dat baarnende fonteinen op sjampanjeflessen de oarsaak wiene dat it plafond brân fette.[1]
| 1 | Nei in ekstra sitgebiet |
| 2 | Ungefear it plak dêr't de brân begûn |
| 3 | Bar yn kelder |
| 4 | Treppen nei begeane grûn |
| 5 | Bar op grûnflier |
| 6 | Terras |
| 7 | Utgong |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|