Nijjierroppen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Nijjierroppen is it by de huzen lâns gean om te nijjier-winskjen en dêrfoar in jefte te ûntfangen.

Grutte minsken dy earm wiene, gongen te nijjierroppen. Bytiden oant de simmer ta en in inkeling die it it hiele jier troch. Guon gongen fan doarp nei doarp en fan doar nei doar. Hja rôppen: 'Folle lok en seine yn't nije jier'. Faak seine se ek hiele stikken op: By kristlike minsken in kristlik fers en by oare minsken in wrâldsk fers. Nijjierroppen wie in manier om it ferbod op biddeljen út 'e wei te gean.