Springe nei ynhâld

Nijierlânske dwerchiisfûgel

Ut Wikipedy
Nijierlânske dwerchiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaidwerchiisfûgels (Ceyx)
soarte
Ceyx mulcatus
Rothschild & Hartert, 1914
IUCN-status: (net bedrige)

De Nijierlânske dwerchiisfûgel (Ceyx mulcatus) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel libbet op in pear eilannen fan 'e Bismarckarsjipel noardeast fan Papoea Nij-Guineä.

De soarte waard earder as in ûndersoarte fan 'e Ceyx lepidus beskôge. Lykas in grut oantal oare soarten yn it gebiet wurdt de fûgel nei in yn 2013 publisearre genetyske stúdzje hjoed-de-dei as in aparte soarte behannele.

De blau en oranje iisfûgel hat in folslein swart snaffel, in gieloranje ûnderbealchje, in wite kiel en blauwe boppedielen mei in wyt plak. Yn ferlikening mei de gewoane iisfûgel is de soarte lytser en minder grienblau. De gewoane iisfûgel is boppedat folle mear oan wetter bûn.

De soarte is endemysk op Nij-Hannover, Nij-Ierlân en de Lihir-eilannen. Nijierlânske dwerchiisfûgels libje yn 'e tichte begroeiïng fan tropyske leechlânwâlden by streamkes en fivers.

Om 't de soarte noch net lang lyn fan 'e Ceyx lepidus ôfsplitst is, besteane der gjin rûzings fan 'e populaasjegrutte. Bosk foarmet in belangryk habitat foar it fûgeltsje en der is sprake fan ferneatiging fan bosk yn syn ferspriedingsgebiet. Dêrom wurdt ynearsten oannommen dat der sprake is fan in licht tebekrinnen fan 'e populaasjegrutte. De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: