Nijguineeske tigerreiddomp
| Nijguineeske tigerreiddomp | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Zonerodius heliosylus | ||||||||||||
| Lesson & Garnot, 1828 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Nijguineeske tigerreiddomp (Zonerodius heliosylus) is in fûgelsoarte út de famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is de iennige soarte yn it skaai Zonerodius.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijguineeske tigerreiddomp is in middelgrutte reiger fan likernôch 65 oant 71 sintimeter lang. De fûgel hat in dúdlik patroan fan brún en bêzje streken oer it liif. De krún fan 'e fûgel is swart en de snaffel is lang.
De boppekant fan it lichem is donkerbrún mei ljochte bannen, wylst de ûnderkant ljochter is, fan bêzje oant hast wyt. Op it boarst sitte wat langere fearren. By de sturt is de kleur meast wyteftich, mei oan 'e punten fan 'e fearren in donkere tint.
Der binne lytse ferskillen tusken mantsjes en wyfkes. It wyfke hat meastentiids griengiele poaten en in wat grienere hûd om 'e eagen hinne. By it mantsje binne de poaten faker felgiel mei in tsjusterdere efterkant. De eagen fan beide skaaien binne giel.
Oer hoe't jonge fûgels derút sjogge is noch net in soad bekend.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn leechlângebieten fan Nij-Guineä, Salawati en de Arû-eilannen. Hy is de ienige soarte yn it skaai Zonerodius en wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat der net in erkende ferdieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
.
Oer it habitat fan 'e soarte is noch net in soad skreaun. Hy wurdt altiten sjoen oan wetter of yn wiete gebieten yn tichte bosken, fral yn leechlân op in hichte fan 100 oant 300 meter, mar de fûgel is oant 1.430 meter waarnommen yn 'e sintrale berchregio's. It iten fan 'e fûgel bestiet út skaaldieren, lytse fisken, wetterkrobben en oare ynsekten, slangen en hagedissen. Hy siket allinnich nei iten, ferburgen yn 'e fegetaasje.
De briedtiid falt yn 'e reintiid, yn sintraal bercheftige gebieten nei alle gedachten fan april oant juny. De soarte briedt net yn koloanjes. It briedgedrach fan dizze soarte is noch min dokumintearre.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan 'e Nijguineeske tigerreiddomp is lyts en wurdt op 1.500 oant 7.000 folwoeksen fûgels rûsd. Troch de degradaasje fan habitat yn it ferspriedingsgebiet wurdt der oannommen dat de oantallen stadichoan tebek rinne. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as gefoelich (Near Threatened).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

