Nije Tsjerke (Doardt)

Ut Wikipedy
Nije Tsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Doardt
adres Nieuwkerksplein 90
koördinaten 51° 49' N 4° 40' E
Tsjerklike gegevens
status sekularisearre sûnt 1961
kommersjele funksje
Arsjitektuer
boujier 15e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 13583
Kaart
Nije Tsjerke (Doardt-Sintrum)
Nije Tsjerke

De Nije Tsjerke (Nederlânsk: Nieuwkerk) is in midsiuwsk tsjerkegebou yn 'e Súd-Hollânske stêd Doardt.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nije Tsjerke is in halletsjerke fan twa skippen mei elts in 5/8 ôfsluting sluting fan it koer. De eastlike dielen datearje út it begjin fan 'e 15e-iuw. Nei in brân yn 1568 waarden de westlike dielen op 'e nij boud. Yn 1840 liet de stedsarsjitekt Itz de toer bouwe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brân fan 'e Nije Tsjerke

De skiednis fan 'e Nije Tsjerke sette mei de bou fan de Nikolaaskapel útein, dy't yn 1175 ynwijd waard. De kapel waard letter in parochytsjerke, dy't yn 'e 15e iuw útboud waard ta halletsjerke. In slimme brân yn 1568 ferneatige de doe noch katolike tsjerke. Wat stean bleau waard yn 'e jierren 1580-1592 wer opboud ta in twaskippige bou, mar wie de helte lytser as de âlde tsjerke.

Op âldjiersjûn 1961 waard der foar it lêst yn 'e tsjerke preke en dêrnei rekke de tsjerke yn ferfal. Ofbraak drige en der wie al trijeres in fergunning frege om de tsjerke te slopen. Yn 1967 kocht in partikulier de tsjerke foar in gûne en droech it gebou dêrnei oer oan de Stifting ta behâld fan de Nije Tsjerke. De tsjerke waard ûndertusken brûkt om saken yn op te slaan.[1]

In restauraasje fan 'e eardere tsjerke folge yn 'e jierren 1980, mar it gebou krige gjin tsjerklike funksje werom en wurdt sûnt brûkt foar bewenning en kommersjele eksploitaasje .[2]

De preekstoel fan de Nije Tsjerke út 1600 stiet tsjintwurdich yn de Grutte Tsjerke fan Oudewater. It oargel dat C.G.F. Witte út Utert yn 1854 yn de Nije Tsjerke boude, waard yn 1965 troch de firma Willem van Leeuwen (Leiderdorp) yn de Martenstsjerke fan Tiel wer opboud.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: