Nije Tsjerke (Grins)

Ut Wikipedy
Nieuwe Kerk
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Grins
adres Nieuwe Kerkhof 1
koördinaten 53° 13' N 6° 33' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt C. Roelofs
boujier 1660-1665
boustyl renêssânse
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18583
Webside
Side fan de gemeente
Kaart
Nije Tsjerke (Grins-Binnenstêd)
Nije Tsjerke

De Nieuwe Kerk (Nije Tsjerke, ek wol Noorderkerk (Noardertsjerke) neamd) is in monumintaal protestantsk tsjerkegebou yn Grins.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untwerp fan Coenraet Roelofs (Grinzer Museum).

Nei de Reduksje fan Grins yn 1594 waarden der al gau plannen foar in grutte stedsútwreiding makke. De earste plannen datearren fan 1608, mar net earder as yn 1625 waarden de nije fêstingwurken foltôge. Yn it noardlike berik fan 'e stedsútwreiding moast ek in nije tsjerke komme, dy't neffens it ûntwerp fan de Amsterdamske Noardertsjerke boud wurde moast. Fanwegen de grutte oerienkomsten mei it Amsterdamske foarbyld waard de Grinzer Nije Tsjerke ek wol Noardertsjerke neamd.

De Nije Tsjerke is de earste tsjerke yn Grins, dy't as in echte preektsjerke boud waard foar de protestantske earetsjinst. De oare tsjerken yn Grins wiene fan oarsprong allegear noch roomske tsjerken en binne mei de reformaasje oerdroegen oan de kalvinisten. De tafoeging "Nij" ferwiist nei de oan it begjin fan 'e 17e iuw ôfbrutsen âlde Sint-Walburgistsjerke.

Mei de bou fan 'e Nije Tsjerke waard yn 1660 útein set. It gebou is yn 'e styl fan 'e Hollânske Renêssânse boud op in grûnplan fan in Gryksk krús en krige op de krusing fan de skepen in foar in part iepen lantearne. De romten tusken de krúsearms waarden opfolle mei tsjinstwenten. De grûn om 'e tsjerke, dy't earder bûten de stêd lei, waard foar dy tiid al brûkt foar it beïerdigjen fan slachtoffers fan 'e pest. Tsjintwurdich is it âlde tsjerkhôf in gersfjild mei âlde beammen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur mei it Timpe-oargel.

It trijemanualige oargel fan 'e Nije Tsjerke is yn 1831 boud troch Johannes Wilhelmus Timpe neffens in tekening fan Petrus van Oeckelen en Samuel Wolther Trip. It ynstrumint is gaadlik om in breed repertoire fan de oargelliteratuer út ferskate iuwen op te spyljen. As foarbyld foar de bou tsjinne it Müller-oargel yn 'e Grutte- of Bavotsjerke fan Haarlim. Oant 1882 fersoarge de firma Van Oeckelen it ûnderhâld fan it oargel. Yn dy tiid waarden feroarings yn it meganyk en de disposysje útfierd. It ûnderhâld gyng letter oer op 'e oargelbouwer Jan Doornbos, dy't yn 1921 in wynmotor oan it oargel tafoege. Oan it begjin fan 'e oarloch sette stadichoan de delgong fan it ynstrumint yn. Pas yn 'e jierren 1976-1980 fûn der in restauraasje plak troch Ernst Leeflang.

De lêste grutte restauraasje waard fazearre troch Mense Ruiter útfierd yn 'e jierren 2008-2009 en 2017. It op de galerij steande ynstrumint hat 42 registers, ferdield oer haadwurk, rêchposityf, boppewurk en pedaal.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]