Nije Synagoge (Bingen am Rhein)

Ut Wikipedy
Synagoge fan Bingen/Rhein
bouwurk
Synagogue Bingen.jpg
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
regio Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
lânkring Flagge Landkreis Bad Kreuznach.svg Bad Kreuznach
plak Bingen am Rhein
adres Rochusstraße
bysûnderheden
type bouwurk Synagoge
boujier 1905
sloopjier 1938 / 1962
arsjitekt Ludwig Levy
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
monumintale status gemeentlik monumint

De Nije Synagoge wie in synagoge yn Bingen am Rhein yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De synagoge waard yn 1903-1905 boud en yn 1938 ferneatige. De synagoge, dêr't in diel fan bewarre bleaun is, stie eartiids yn de Rochusstraße.

Alde synagoge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde synagoge stie yn de Judengasse en baarnde yn 1689 ôf doe't de Frânsen yn de Njoggenjierrige Kriich de stêd ferneatigen. Op itselde plak folge yn 1689 nijbou, dy't yn 1789 útwreide waard. Fan dy synagoge wurde noch oantinkens yn musea bewarre.

De âlde synagoge waard yn 1905 nei de ynwijing fan de nije synagoge ferkocht en dêrnei as herberch brûkt. Yn 1975 baarnde it gebou ôf.

Nije synagoge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De nije synagoge waard boud foar it waaksjende ledetal neffens it ûntwerp fan de arsjitekt Ludwig Levy (1854-1907), dy't him dêrby oriïntearre op romaanske tsjerken. Tusken de treptuorren oan wjerskanten liede in trep nei in dûbel portaal mei dêrboppe yn in rûnbôge in grut reliëf fan twa liuwen dy't de tafels fan de Wet fêstholden. De glês-yn-leadramen waarden troch leden fan de mienskip skonken. De synagoge hie ek in oargel en bea plak oan 218 manlju en, op de galerijen, foar 171 froulju.

Op 21 septimber waard de synagoge plechtich ynwijd.

Ferneatiging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It noch besteande diel

De synagoge waard yn 1938 troch oanhingers fan de SA en oare nasjonaal-sosjalisten ferneatige. Yn 'e moarn fan 10 novimber 1938 wie it gebou al yn 'e brân stutsen, mar de koster koe it fjoer noch op 'e tiid dwêste. Om 17:00 hinne waard itselde nochris besocht en doe baarnde it gebou oant op de muorren út.

De joaden waarden twongen de ruïne te ferkeapjen en sa kaam de grûn yn hannen fan de feriening fan de wynboeren, dy't it tsjintwurdich noch besteande rjochter diel brûke om meiïnoar wyn te drinken. Yn 1962 kaam it yn besit fan de stêd Bingen, dy't de ruïne mei de yn dy tiid noch besteande eastlike gevel ôfbrekke liet.

It noch besteande diel stiet op de gemeentlike monumintenlist fan Bingen. Yn 1983 waard ta oantinken oan de eardere synagoge in plakette oanbrocht.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(dú) Skiednis fan de Joadske mienskip fan Bingen op Alemannia-Judaica

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.