Nijbrittannyske dwerchiisfûgel
| Nijbrittannyske dwerchiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ceyx sacerdotis | ||||||||||||
| Ramsay, 1882 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Nijbrittannyske dwerchiisfûgel (Ceyx sacerdotis) is in lyts iisfûgeltsje, dy't allinnich op 'e eilannen Nij-Brittanje en Umboi yn Papoea Nij-Guinea. De namme ferwiist nei in eilân yn Oseaanje, net nei it Feriene Keninkryk.
Oansjen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat djipblau en poarperen boppedielen, in feloranje ûnderliif, in wyt plakje yn 'e nekke en helder oranje poatsjes. De snaffel is boppe roetswart en ûnder mear read, mar liket yn it fjild faak hielendal read.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijbrittannyske dwerchiisfûgel libbet yn subtropyske of tropyske fochtige leechlânwâlden. It is in stânfûgel mei in relatyf beheind ferspriedingsgebiet fan likernôch 71.800 km².
Oarspronklik waard de fûgel as in ûndersoarte behannele fan 'e Ceyx lepidus. Ut molekulêr fylogenetysk ûndersyk fan 2013 die bliken dat ferskate eilânpopulaasjes genetysk signifikant faninoar ferskille. Dêrom waard de Ceyx sacerdotis as in aparte soarte erkend.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de populaasje nei alle gedachten ôfnimt troch habitatferlies, wurdt de soarte troch BirdLife International op 'e Reade list yn 'e kategory net bedrige (LC) set, om't de delgong net fluch genôch is om as bedrige te wurden beskôge. Hoe grut de populaasje is, is net bekend. De fûgel wurdt yn in grut part fan it ferspriedingsgebiet as algemien beoardiele.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
