Nij Jeruzalimtsjerke (Emmeloard)

Ut Wikipedy
Nij Jeruzalimtsjerke
Nieuw Jeruzalemkerk
bouwurk
Oansjen út it súdeasten wei.
Oansjen út it súdeasten wei.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Flevolân
gemeente Noardeastpolder
plak Emmeloard
adres Cornelis Dirkszplein 10
bysûnderheden
type bouwurk tsjerkegebou
boujier 1954-1955
arsjitekt Willem Hyzazinth
   Verschoor
boustyl modernisme
monumintale status gjint
oare ynformaasje
kosten ƒ562.000
offisjele webside
www.pgemmeloord.nl
kaart
Nij Jeruzalimtsjerke (Emmeloard)
Nij Jeruzalimtsjerke
Lokaasje yn Emmeloard.

De Nij Jeruzalimtsjerke (Nederlânsk: Nieuw Jeruzalemkerk) is it tsjerkegebou fan 'e pleatslike gemeente fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) yn it doarp Emmeloard yn 'e Noardeastpolder. It gebou datearret út 1955 en wie oant 2006 yn gebrûk by de pleatslike gemeente fan 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. De Nij Jeruzalimtsjerke stiet yn Emmeloard bekend om 'e gevelspreuk "… en de zee was niet meer", in bibeltekst út Iepenbiering 21:1, dy't yn 'e Flevolânske kontekst ek ferwiist nei it drûchlizzen fan it gebiet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twadde helte 1940-er jierren waard foar de pleatslike gemeente fan 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân yn it doe krekt ûntstiene Emmeloard in needtsjerke set, dy't de Jeruzalimtsjerke kaam te hjitten. Hoewol't de lytse gemeente dêr yn 't earstoan prima mei takoe, wat romte oanbelange, waard yn septimber 1951 dochs in kommisje ysteld foar de bou fan in definityf tsjerkegebou. Redens dêrfoar wiene de flugge groei fan 'e gemeente en de driging dat de needtsjerke opeaske wurde soe foar gebrûk op in oar plak yn 'e Noardeastpolder. Mei't de Nederlânske oerheid it doedestiden ta syn taak rekkene om te helpen by it opsetten fan in goed funksjonearjende maatskiplike ynfrastruktuer yn 'e polder, waard de oankeap fan 'e grûn foar de nije tsjerke subsidiëarre mei yn totaal ƒ3.000 (ƒ1 de ).

Foar de eigentlike bou fan 'e tsjerke waard in bedrach fan ƒ450.000 nedich ornearre. Dêrfan soe likernôch de helte út in langrinnende liening komme, wylst de nasjonale oerheid ƒ100.000 bydroech en de legere oerheden nochris ƒ50.000. De rest, sa'n ƒ70.000, soe opbrocht wurde moatte troch de gemeenteleden troch kollekten en skinkings. Dat wie in swiere put foar in gemeente dy't doe noch gjin 700 leden telde. Der kaam sadwaande krityk op 'e ambisjeuze plannen. Guon seagen mear yn 'e bou fan twa lytsere tsjerken, mar de tsjerkerie fûn dat soks "skiedend" wurkje soe foar ien gemeente en hold hoek. Oarsoartige krityk kaam fan 'e Kristlike Grifformearde Tsjerken, in tsjerkegenoatskip dat fûn dat de nije grifformearde tsjerke te deunby it eigen tsjerkegebou oan 'e Zuiderkade komme soe. Dêrtroch soe "de stichtlikheid fan 'e tsjinsten" fan beide tsjerkegenoatskippen gefaar rinne. De lândrost fan it Iepenbier Lichem de Noardeastlike Polder, by wa't de kristlik-grifformearden in beswierskrift yntsjinnen, reage dat argumint lykwols oan kant.

De nije tsjerke, dy't de Nij Jeruzalimtsjerke kaam te hjitten (nei de needtsjerke, mar ek nei it Nije Jeruzalim dat kristenen oan 'e Ein fan 'e Tiden ferwachtsje), waard ûntwurpen troch arsjitekt Willem Hyazinth Verschoor en boud troch de fa. Moes út Kampen. Troch ôfdijers by de bou kamen de kosten úteinlik mei ƒ562.000 wol ƒ112.000 heger út as begrutte. Dat hie benammen te krijen mei it feit dat de boulokaasje op in plak wie dêr't in sânbank lei, wat bouwen op heipeallen ûnmooglik makke. Der moast ien grutte betonplaat ûnder it hiele gebou komme. Guon gemeenteleden hiene graach in liedklok yn 'e toer hawwe wold, mar dat moast noch ƒ6.000 ekstra kostje, en mei de heger útfallen boukosten wie dat jild der echt net. Op 26 oktober 1955 waard de Nij Jeruzalimtsjerke yn gebrûk nommen.

De haadyngong, oan 'e noardkant fan it gebou.

Ferbetterings, ferbouwings en restauraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1961 waarden ferskate ferbetterings yn it gebou oanbrocht, wêrûnder sintrale ferwaarming en in lûdsynstallaasje. Yn 1976 waard nei jierrenlang iggewearjen in lift yn 'e tsjerke ynboud, om 'e heech yn it gebou lizzende tsjerkeseal ek foar krebintige âlderein tagonklik te meitsjen. Fan maaie oant septimber 1992 waard it haadgebou fan 'e Nij Jeruzalimtsjerke hielendal opknapt. Betonrot yn 'e kezinen waard oanpakt, kreakjende en lossittende tsjerkebanken waarden bymakke, ûndeugdlike elektrisiteitsliedings en fersliten flieren waarden ferfongen, in losreitsjend plafon waard fêstset en de yn 'e midden stadichoan weisakjende bakstiennen trep by de haadyngong waard op 'e nij bestrjitte. Ek de yntree en byhearrende garderôbe waarden doe hielendal fernijd.

Fan maaie oant 24 septimber 2011 waard de Nij-Jeruzalimtsjerke ferboud, sadat it gebou ek in multyfunksjoneel sintrum waard. De romten fan it mfs sitte yn it sûterrên, ûnder de tsjerkeseal. Dizze ferbouwing waard ta besletten om twa redens. Yn it foarste plak woe de tsjerkerie dat de tsjerke yn it mulpunt fan 'e maatskippij stie, wat mei in almar ynkrimpende groep leauwenden troch it fersoargjen fan allinne mar tsjerketsjinsten net mear sa wie. Dêrnjonken soarget de ferhier fan it sealtsje en oare romten fan it mfs ek foar nije ynkomsten, dy't nedich binne foar it ûnderhâld fan 'e tsjerke. De ferbouwing fan 2011 koste likernôch 1 miljoen, wêrfan't sa'n €450.000 út subsydzjes helle waard, û.o. út it potsje foar plattelânsûntwikkeling fan 'e Jeropeeske Uny.

Oansjen fan 'e Nij Jeruzalimtsjerke út it súdwesten.

Fan grifformeard nei protestantsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't ein tweintichste iuw it Samen op Weg-proses op gong kommen wie tusken de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke en de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân, ûntstie yn Emmeloard ek ien feriene SoW-gemeente yn it plak fan 'e eardere selsstannige herfoarme en grifformearde gemeenten. Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw, doe't besletten waard dat de beide tsjerkegenoatskippen mei-inoar ferrane soene yn 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN), wie troch it krimpend tal gemeenteleden dúdlik in feriene gemeente mar fan ien tsjerkegebou ferlet hie.

Der ûntstie lykwols spul oer de fraach hokker gebou oft ôftanke wurde moast: de herfoarmen woene fan 'e grifformearde Nij Jeruzalimtsjerke ôf, wylst de grifformearden de herfoarme Hoeksteen ôftankje woene. Uteinlik waard in kompromis berikt mei it beslút om dan allebeide tsjerkegebouwen mar te ferkeapjen. As earste wie De Hoeksteen oan bar, dêr't op 11 juny 2006 foar it lêst in tsjerketsjinst holden waard. It wie de bedoeling dat neitiid ek de Nij Jeruzalimtsjerke yn 'e ferkeap dien wurde soe, mar nei't De Hoeksteen fuort wie, wegeren de eardere grifformearden yn 'e gemeente ynienen om oan 'e fierdere útfiering fan it kompromis mei te wurkjen. Sa waard harren tsjerke it tsjerkegebou fan 'e nije protestantske ienheidsgemeente yn Emmeloard.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan 'e Nij Jeruzalimtsjerke waard yn 1955 boud troch de fa. Willem van Leeuwen Gzn. út Leiderdorp. Yn 1982 waard it restaurearre troch de fa. Kaat & Tijhuis út Kampen, dy't dêrby de mikstuer fan it haadwurk wizige fan VI–VIII sterk nei IV sterk. Yn 2008 waard it oagel fan 'e Nij Jeruzalimtsjerke troch itselde bedriuw reinige en revisearre. Dêrby waard de pedaaldisposysje justjes oanpast troch it ferfangen fan 'e rûspiip IV sterk fan it pedaal troch in roerkwint 5⅓'. Noch wer inkele jierren letter waarden de Oktaaf 2' fan it rêchwurk en de Nachthoarn 2' fan it haadwurk fan plak ferwiksele.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: