Nij Jaarsmastate

Ut Wikipedy
Wenten op it plak dêr't Nij-Jaarsmastate stie

Nij Jaarsmastate wie in state besuden Mitselwier, gemeente Dongeradiel. Op in diel fan it stateterrein stiet in tal wenten.

Oer it ûntstean fan de state is neat bekend. Yn 1698 ferhierden de bern fan Hobbo Esaias fan Aylva it hoarnleger fan Jaersmastate en noch trije oare sates ûnder Mitselwier.
Yn 1728 wie dit besit - noch oangroeid mei Helbada sate - eigendom fan jonker Julius Jelte fan Unia.

De súdlik fan Wibaldastate lizzende pleats, dy't op de kadastrale minút de foarm fan in kop-hals-romppleats hat, moat Nij-Jaersma hjitten hawwe. Mooglik wie se boud op ien fan boppeneamde hiemen. Yn 1832 wie dy pleats ek besit fan Ulbo van Burmania.

It grutte Jaersmastate sil yn 1771 ôfbrutsen wêze, doe't de boelguod hâlden waard fan de boumaterialen fan it ôfbrutsen hûs fan frelle Fan Burmania yn Mitselwier. De namme Jaersma waard doe, of al earder by it gongber wurden fan de namme Unia, op sate FC9 lein (Nij-Jaersma), dy't ek diel útmakke fan it Aylva-Unia-kompleks.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1698 bern fan Hobbo Esaias fan Aylva
  • 1728 jonker Julius Jelte fan Unia
  • 1832 Ulbo van Burmania yn Eanjum

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Frysllân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • De website hisgis