Springe nei ynhâld

Nij-Apostoalyske Tsjerke (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Nij-Apostoalyske Tsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adresEmmakade NZ 1bis
koördinaten53°11' N 5°48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipNij-Apostoalyske Tsjerke yn Nederlân
Arsjitektuer
boujier1933
monumintale statusgemeentlik monumint
Webside
Nij-Apostolyske gemeente Ljouwert
Kaart
Nij-Apostoalyske Tsjerke (Ljouwert-Binnenstêd)
Nij-Apostoalyske Tsjerke

De Nij-Apostoalyske Tsjerke is de tsjerke fan 'e Nij-Apostoalyske gemeente yn Ljouwert. It tsjerkegebou is in gemeentlik monumint.

It hjoeddeiske gebou fan 'e Nij-Apostoalyske gemeente waard yn 1933 yn gebrûk nommen.[1]. Foar dy tiid hie de Ljouwerter gemeente in tsjerke oan 'e 6e Vegelingsdwersstrjitte. Dy tsjerke datearre út 1908 en waard yn 2003 ôfbrutsen.[2]

Yn jannewaris 2024 waard bekend dat de Nij-Apostoalyske gemeente in nije tsjerke bouwe lit yn it suden fan Ljouwert oan 'e Himpenserdyk. It gebou oan 'e Emmakade wie foar in soad tsjerkefolk fan 'e gemeente min te berikken. De âlde tsjerke is ferkocht oan in projektûntwikkelder en kriget in nije bestimming.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: