Niftrik
| Niftrik | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 435 (2024)[1] | |
| Oerflak | 6,74 km² - lân 5,40 km² - wetter 1,33 km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51°47' N 5°40'E | |
| Kaart | ||
Niftrik is in doarpke oan 'e Maas yn 'e Gelderske gemeente Wijchen. Op 1 jannewaris 2024 hie Niftrik 435 ynwenners. De A50 fan Swol nei Eindhoven en it spoar fan Nijmegen nei Tilburch rinne by it doarp del. Niftrik hat gjin op- en ôfritten en likemin in stasjon.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1308 fûn by it doarp yn 'e striid om Grave tusken de hartochdommen Brabân en Gelre de Slach by Niftrik plak. De hearen fan Grave woene harren net deljaan ûnder de hartoggen fan Brabân en nei in mislearre Brabânsk belis fan 'e stêd, liet Grave de stêd mei help fan it hartochdom Gelre fersterke. Dat wie Brabân net nei it sin en der waard in leger fan 10.000 man stjoerd, dy't it kamp opsleach by it Gelderske Niftrik en dêr de krite plondere. De slach waard ferlern troch Brabân. Grave en it Lân fan Cuijk bleaunen Brabânsk, mar krigen in soad autonomy.
Yn 1810 waard Niftrik in selsstannige gemeente en dat bleau sa oant 1 jannewaris 1818, doe't it plak by de gemeente Wijchen foege waard.
Op 10 maaie 1940 stuts it Nederlânske leger alle gebouwen yn 'e brân om tefoarren te kommen dat de Dútsers de gebouwen brûke soene om de Nederlânske liny's by Ravenstein te besjitten. Ek de Sint-Damianustsjerke út 1892 waard doe ferneatige. In tredde fan it doarp gyng by dy aksje ferlern.
Op 1 septimber 1944 waard nei alle gedachten by fersin de spoarbrêge oer de Maas bombardearre. By dat bombardemint kamen sân minsken om it libben.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dit artikel is foar in part of hielendal in oersetting fan [:nl:Niftrik]
|
