Nier

In nier is in orgaan dat foarkomt yn 'e anatomy fan wringedieren. Om't elts yndividu twa fan sokke organen hat, sprekt men ornaris fan 'e nieren. By minsken en oare sûchdieren sitte de nieren retroperitoneaal, dat efter it búkflues of peritoneum, lofts en rjochts fan 'e wringe.
Funksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nieren spylje in essinsjele rol yn 'e homeostaze. Se hâlde de gearstalling fan it bloed konstant en ferwiderje ûnwinske stoffen dy't yn it bloed oplost binne, lykas ôffalstoffen fan 'e stofwikseling en fia it iten opnommen fergiffen en genêsmiddels. Yn itselde ramt soargje de nieren ek foar it hanthavenjen fan it soer-baze-lykwicht fan it bloed op 'e langere termyn, troch it ferfier fan wetterstofkarbonaat en wetterstofioanen. By dat proses wurdt urine produsearre, in oplossing fan stoffen dy't it lichem net mear (wer)brûke kin. De urine wurdt ôffierd nei de blaas, en dêrwei by it pisjen út it lichem ferwidere.
Opbou en wurking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it minsklik lichem binne de nieren wat beanefoarmich, mei de holle kant nei de midden wizend. Minsklike nieren binne 10–13 sm lang, 5 sm tsjûk en weagje sa'n 150 g it stik. De nieren wurde fan bloed foarsjoen troch de nierslachieren, en it bloed wurdt wer ôffierd troch de nierieren. Nieren besteane út 600.000–1 miljoen nefroanen, wêryn't de bloedsuvering plakfynt. Dat proses kin opdield wurde yn in passyf proses en in aktyf proses.
Yn it passive proses wurdt wetter mei oploste stoffen út poreuze kleaunen fan hierfetten, de saneamde seeflichemkes, parst en opfongen. Bloedsellen en grutte aaiwiten bliuwe dêrby yn it bloed efter. By in folwoeksen minske smyt dat proses deis likernôch 170 liter foarurine op. Foarurine befettet sawol ôffalstoffen as stoffen dy't beholden wurde moatte. Ien fan 'e wichtichste ôffalstoffen is ureum, dat troch de lever oanmakke wurdt om út 'e aaiwytstofwikseling ôfkomstige ammoniak ûnskealik te meitsjen.
Yn it aktive proses wurde weardefolle stoffen, lykas aminosoeren, glukoaze, elektrolyten en wetter foar it meastepart of hielendal weromwûn út 'e foarurine. Dat bart yn 'e ûnderskate ûnderdielen fan 'e nierbuiskes: de proksimale tubulus, de lus fan Henle, de distale tubulus en de sammelbuis. Uteinlings komt de fan alle weardefolle stoffen ûntdiene floeistof, dy't no urine wurden is, fia de niertsjelken oan yn it nierbekken, wêrnei't er troch de urinelieder nei de blaas laat wurdt en letter by it pisjen fia de urinebuis it lichem ferlit.
Sykten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In protte niersykten hawwe te krijen mei de tastân fan it membraan fan 'e seeflichemkes, dêr't it bloedplasma troch filtere wurdt. Dy litte dan net genôch mear troch of krekt tefolle, lykas bloedsellen en aaiwiten. Yn 't bysûnder lang oanhâldende hege bloeddruk en sûkersykte hawwe in minne ynfloed op 'e (bloedfetten fan 'e) nier. Ek kinnen hiele seeflichemkes ferrinnewearre reitsje. As mear as 90% fan 'e funksje fan 'e nier ferlern gien is, hat men der eins neat mear oan. Binne beide nieren der sa oan ta, dan is der sprake fan terminaal nierfalen.
It relatyf ienfâldige ultrafiltraasjemeganisme fan 'e nier makket it mooglik om in grut diel fan 'e nierfunksje te ferfangen troch in keunstnier. Dat is in apparaat dat yn 'e measte gefallen trije kear yn 'e wike in nierdialyze útfiert om terminale nierpasjinten yn libben te hâlden. Soks is lykwols mar in tydlike oplossing; foar de langere termyn moatte sokke pasjinten in niertransplantaasje ûndergean, in operaasje wêrby't de defekte eigen nier ferfongen wurdt troch it sûne orgaan fan in nierdonor.
Regelsystemen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nieren meitsje diel út fan in oansjenlik tal hormonale regelfermiddens, dy't benammen te krijen hawwe mei de wetter- en sâlthúshâlding fan it lichem, de bloeddruk, de pH-regeling fan it bloed, de osmoatyske wearde fan it bloed en de hoemannichte reade bloedsellen. De nieren produsearje it hormoan erytropoëtine om 'e erytropoëze, it oanmeitsjen fan reade bloedsellen, oan te fiterjen. Dat hormoan wurdt, as genêsmiddel tsjin bloedearmoede by dialyzepasjinten, ek yn laboratoaria oanmakke fia gemyske synteze. Itselde guod wurdt dêrnjonken, bekend ûnder de namme 'epo', ek as doping brûkt yn 'e sportwrâld.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
