Nieder-Olm
| Nieder-Olm | ||
| Sint-Joaristsjerke | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Mainz-Bingen | |
| ferbânsgemeente | Nieder-Olm | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 9.703 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 11,22 km² | |
| Hichte | 150 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 55268 | |
| Koördinaten | 49°54' N 8°12' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.nieder-olm.de/home | ||
| Kaart | ||
Nieder-Olm is in stêd oan 'e lofter igge fan 'e Ryn yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. de stêd liet likernôch 10 km súdlik fan Mainz yn it hert fan Rynhessen en is sûnt 1973 it haadplak fan 'e doe stifte ferbânsgemeente Nieder-Olm.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nieder-Olm wurdt al sûnt de prehistoarje bewenne. Archeologyske fynsten wize op delsettings en grêffjilden út de lette stientiid en iere midsiuwen.
Yn 'e Romeinske tiid lei it gebiet oan 'e râne fan it Romeinske Ryk, tichteby de militêre- en hannelsrûtes oan 'e Ryn. Spoaren fan Romeinske bewenning en lânbewurking binne yn 'e omkriten fûn. De namme Olm (eartiids Ulmena) wurdt foar it earst yn in oarkonde fan keizer Otto III út 994 neamd, wêryn't er it besit by Ulmena oan it aartsbisdom Mainz fermakket. De spesifike oantsjutting Nieder-Olm (om it fan Ober-Olm te ûnderskieden) ferskynt yn 'e 12e iuw.

Nieder-Olm hearde yn 'e midsiuwen ta it aartsbisdom Mainz, dat sawol wrâldske as tsjerklike macht útoefene. Yn 'e 12e en 13e iuw krige Nieder-Olm poarten en wâlen. De saneamde Laurenziburg waard yn 1503 werboud troch aartsbiskop Berthold fan Henneberg. Oant 1957 wiene noch in soad resten fan 'e Laurenziburg oanwêzich, mar se moasten foar de bou fan in nije skoalle ôfbrutsen wurde. Hjoed-de-dei binne grêfstiennen fan 'e hearen fan it kastiel yn 'e tsjerkhôfsmuorre ynmitsele.
Om 1500 hinne hie Nieder-Olm likernôch 115 hûzen, mar nei de pest en fral nei de Tritichjierrige Kriich (1618–1648) rûn it ynwennertal foars tebek. Yn 1668 wiene der noch mar 49 hûzen mei likernôch 200 ynwenners. Nieder-Olm hie oan it begjin fan 'e 19e iuw sa'n 600 ynwenners, mar dêrnei groeide it plak foars. Fral de iepening fan it spoar Mainz-Alzey yn 1871 brocht it plak groei en yn 1905 hie it plak al 1900 ynwenners.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie de lokaasje net fier fan Mainz grutte gefolgen foar Nieder-Olm: de bombardeminten dêr en de flechtlingen hiene in grutte ynfloed op it doarpslibben fan Nieder-Olm. Nei 1950 ûntwikkele it doarp him sterk troch de ferbettere ynfrastruktuer. Op 6 novimber 2006 krige Nieder-Olm offisjeel stedsrjochten fan it regear fan Rynlân-Palts.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eardere riedshûs
- Protestantske Gustav-Adolftsjerke
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
