Nicolette van Dam

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nicolette van Dam
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Nicolette van Dam yn 2005, yn 'e film ZOOP in Afrika.
Nicolette van Dam yn 2005, yn 'e film ZOOP in Afrika.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicolette Helena Elizabeth
   van Dam
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 14 augustus 1984
berteplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, model, aktrise,
sjongster
medium tillefyzje
wurksum by MTV, RTL
bekend fan De Bloemenstal,
Achmea Kennisquiz J/M
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
www.nicolettevandam.nl

Nicolette van Dam (folút: Nicolette Helena Elizabeth van Dam; Amsterdam, 14 augustus 1984) is in Nederlânsk model, aktrise, sjongster en presintatrise, dy't benammen bekend wurden is mei har rol yn 'e tillefyzjesearje ZOOP en it dêrfan ôflate trijetal films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Dam die de HAVO oan it Keizer Karel Kolleezje yn Amstelfean en folge dêrnei in HBO-oplieding kommunikaasjekunde en marketing, dy't se lykwols net foltôge om't se ûntdutsen waard as model en troch it wurk dat dêrút fuortfloeide net mear oan har stúdzje ta kaam. As model wie hja û.m. te sjen yn ferskate fideoklips. Nei ferrin fan tiid begûn Van Dam aktearlessen te nimmen en workshops oer presintearjen te folgjen.

Yn 2004, doe't se tweintich jier wie, wist Van Dam de rol fan Bionda Kroonenberg te besetten yn 'e tillefyzjerige ZOOP, dy't opnommen waard yn Ouwehands Dierenpark te Rhenen. Dyselde rol spile se ek yn 'e trije bioskoopfilms dy't spin-offs fan dy searje wiene: ZOOP in Afrika (2005), ZOOP in India (2006) en ZOOP in Zuid-Amerika (2007). Foar har optreden yn ZOOP in India waard Van Dam nominearre foar in Gouden Keal. Ek song se Jadoo, Jadoo, de titelsong fan ZOOP in India.

Nei't de searje ZOOP yn 2006 einige wie, hie Van Dam fan 2007 oant 2009 har twadde grutte rol as Solange Ferrero-De Reuver yn 'e rige Voetbalvrouwen. Fierders hie se gastrollen yn ferskate oare searjes, lykas Baantjer en Flikken Maastricht, en spile se yn films as Plop in de Stad (2006), Het Huis Anubis en de Terugkeer van Sibuna! (2010) en Assepoester: Een Modern Sprookje (2014). Ynternasjonaal hie se in lyts roltsje yn 'e Amerikaanske spylfilm Deuce Bigalow: European Gigolo (2005), mei Rob Schneider. Ek die Van Dam in protte stimaktearwurk, û.m. foar de tekenfilms Ice Age 2: The Meltdown en Totally Spies! The Movie.

Njonken har aktearkarriêre sette Van Dam ek útein mei presintaasjewurk. Sa presintearre hja mei Leon van der Zanden op 'e muzykstjoerder MTV it programma Pimp My Room, en op 'e bernestjoerder Jetix eltse sneintemoarn mei Jamai Loman de show Jetix Max. Yn 2008 presintearre se mei Winston Gerschtanowitz De Bloemenstal, op RTL 4, en ek die se foar dy stjoerder de presintaasje fan ferskate oare programma's, wêrûnder Ik Wed Dat Ik Het Kan!, de Achmea Kennisquiz J/M en WieKent Nederland. Teffens die se yn 2009 mei oan 'e realityshow Dancing with the Stars. Ta ein beslút wie se ek aktyf as sjongster, en brocht se tusken 2005 en 2007 fjouwer singles út.

Van Dam wurke fierders ek ferskate jierren as goodwill-ambassadrise foar UNICEF, mar rekke yn dy funksje yn in skandaal ferwikkele nei't hja yn juny 2014 by wize fan grap in troch har bewurke foto twittere hie dêr't op te sjen wie hoe't twa bekende Kolombiaanske fuotballers, Radamel Falcao en James Rodridguez, kokaïne oan it snuven wiene ûnder in wedstryd op it WK fan 2014. Dy foto waard wrâldnijs, en yn Kolombia waard dizze saak tige heech opnommen: it Kolombiaanske regear easke fan UNICEF it ûntslach fan Van Dam. Sy bea har ûntskuldigings oan, mar dat koe de Kolombiaanske krityk net delbêdzje, en yn oerlis mei UNICEF besleat Van Dam doe om har funksje as goodwill-ambassadrise del te lizzen, mei't har posysje ûnhâldber wurden wie.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nicolette van Dam is ferloofd en hat twa dochters.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.