Nico ter Linden

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nico ter Linden
Nico ter Linden, 2015
Nico ter Linden, 2015
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 26 july 1936
berteplak Amersfoart
stoarn 28 jannewaris 2018 (81 jier)
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Predikant
aktyf as Predikant, skriuwer, telefyzjepresintator
reden
  bekendheid
Rige Het verhaal gaat

Nico Marius Adriaan ter Linden (Amersfoart, 26 july 1936Amsterdam, 28 jannewaris 2018) wie in Nederlânsksk predikant fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân en skriuwer.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy studearre teology yn Utert, Nymwegen en de Feriene Steaten. Ter Linden stie as predikant yn Stompetoer, gemeente Alkmaar, Nymwegen en fan 1977 oant 1995 yn de Westertsjerke yn Amsterdam. Ut dy tsjerke wei brocht er in eigen telefyzjeprogramma: Op verhaal komen in de Wester dat troch de NCRV útstjoerd waard. Hy hat ûnder oare yn 1998 it houlik fan prins Maurits van Oranje-Nassau, van Vollenhoven en Marilène van den Broek befestige en ek harren bern doopt.

As auteur waard Ter Linden bekend fan de ferhalerige Het verhaal gaat. Yn de tradysje fan de Amsterdamske Skoalle, mar wol op syn eigen wize, fertelde er de Bibel op'en nij. It sechde en lêste diel kaam lyk foar syn emeritaat ein 2003 út. Teffens wie er kollumnist fan it deiblêd Trouw.

Hy wie de jongere broer fan Carel ter Linden, earder predikant fan de Kleastertsjerke yn De Haach. Hy stoar yn de âldens fan 81 jier. Hy wie foar syn ferstjerren al lange tiid siik.

Nico ter Linden koe floeiend Dútsk prate. In part fan syn wurk waard yn it Dútsk oerset.

Bibliografy (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lieve landgenoten. Stukjes over stukjes zielzorg (1979)
  • Namastë, een retourtje Nepal (1993)
  • Korte verhalen (1997)
  • Het verhaal gaat (1996-2003) 1: De Thora. 2: Het verhaal van Marcus en het verhaal van Mattheüs. 3: De verhalen van Richters en Koningen. 4: Het getuigenis van Israëls profeten. 5: De Geschriften. 6: De verhalen van Lucas en Johannes. 7: Register op alle dielen.
  • Kostgangers (2001)
  • De dag zal komen, Janus (2003)
  • Koning op een ezel. Verhalen uit het Nieuwe Testament (2005)
  • Het land onder de regenboog. Verhalen uit het Oude Testament, diel 1 (2006)
  • De profeet in de vis. Verhalen uit het Oude Testament, diel 2 (2006)
  • Alleen maar vrije tijd. Een dominee over zijn vak (2010)
  • Moet je horen. De ferhalen út it Alde Testamint en it Nije Testamint yn ien bân. (2011)
  • Mijn vader (2011)
  • Een zoekende ziel. Oer Willem Elsschot (2011)
  • Een goed kind regeert z'n eigen (2012)
  • De geboorte van J.C. en andere kerstverhalen (2012)
  • En dan nog dit: wandelen met God, 2016, ISBN 978-9460031021

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]