Springe nei ynhâld

Nico de Haan

Ut Wikipedy
Nico de Haan
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne22 july 1947
berteplakAarlanderveen (Súd-Hollân)
stoarn7 febrewaris 2026
stjerplakScherpenzeel
wurkpaad
berop/amtFûgelkenner, fûgelbeskermer, direkteur
reden
  bekendheid
Natuerprogramma's op radio en telefyzje
Vogelkijkcentrum Nederland

Nico de Haan (Aarlanderveen, 22 july 1947 - Skerpenseel, febrewaris 2026) [1] wie in Nederlânske fûgelkenner en fûgelbeskermer.

De Haan waard grutbrocht yn Zalk (doedestiids gemeente IJsselmuiden), dêr't syn heit fan 1956 oant 1964 dûmny wie by de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Yn dy tiid bestege er safolle tiid oan it fûgeljen dat er de mulo net ôfmeitsje koe. Hy wie lid fan de CJN. Fia de jûnsmulo koe er dochs noch nei de Middelbere Lânbouskoalle yn Swolle (1967) en dêrnei nei de Boskbou en Kultuertechnyske Skoalle te Arnhim (1970). Nei dy oplieding hie Nico de Haan ferskate baantsjes; ûnder oaren wurke er in skoft yn Kanada as mynwurker.

Natuermonuminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1972 begûn syn karriêre by de Vereniging Natuurmonumenten dêr't er as stazjêr binnenkaam en in jier letter behearder waard fan de Nieuwkoopse plassen yn de buert fan syn berteplak. Yn 1974 waard er direksje-assistint by de Nederlandse Vereniging tot Bescherming van Vogels (sûnt 1994 bekend as Vogelbescherming Nederland) dêr't er tsien jier letter oansteld waard as plakferfangend direkteur.

Radio en telefyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1982 ôf wie Nico de Haan geregeld te hearren by it VARA-radioprogramma Vroege Vogels. Hy hat ek geregeld op telefyzje west yn programma's lykas Vogels kijken (VARA, 1984 5/1986) en de tf-kursus Vogeltaal yn Zeker weten (KRO, 1987) dy't ek yn boekfoarm publisearre binne.

Letter presintearre er telefyzjeprogramma's as Nederlandse landschappen (Teleac, 1993) en Ja, natuurlijk: vogelparadijzen (NCRV, 1999). Yn 2005 begûn er de NCRV-telefyzjesearje Natuurlijk Nico. Dizze searje waard yn it seizoen 2007/2008 ûnderbrutsen, mar dêrnei wer oppakt. Fan novimber 2008 ôf wie De Haan acht wiken lang te sjen yn de NCRV-telefyzjesearje Bosch, Beuk & Haan, wêryn't er de sjoggers meinaam de natuer yn, op 'e siik nei bysûndere planten en bisten.

Yn april 2011 ûntfong De Haan in gouden plaat foar syn fûgelsjongkursus-cd, dêr't 30.000 eksimplaren fan ferkocht binne. It wie foar it earst dat in cd mei natuerlûden de status fan gouden plaat helle.

Fan 2014 oant 2017 wie Nico de Haan yn in part fan it telefyzjeseizoen wykliks te sjen yn it MAX-programma Baardmannetjes. Dêryn gie er tegearre mei skriuwer en kabaretier Hans Dorrestijn op 'e siik nei bysûndere fûgels.

De Haan ferstoar op 7 febrewaris 2026 yn 'e âldens fan 78jier yn syn wenplak Scherpenzeel.

Vogelkijkcentrum Nederland

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 ferliet er nei tritich jier Vogelbescherming Nederland en begûn er syn eigen bedriuw Vogelkijkcentrum Nederland dat kursussen oanbiedt en ûnder oare ekskurzjes fersoarget.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vogelkenner en presentator Nico de Haan (78) overleden, nos.nl