Nico Bergsteijn

Ut Wikipedy

Nicolaas (Nico) Hermanus Bergsteijn (Naarden, 4 oktober 1919Woeste Hoeve, 8 maart 1945) wie in Nederlânske fersetsstrider.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bergsteijn wurke yn de Twadde Wrâldoarloch as amtner by de gemeente Woudenberg. Hy makke ûnderdiel út fan de fersetsgroep fan Theo Dobbe, dêr 't hy de bynamme Lytse Jan krige. Binnen it ferset wie der in soad ferlet fan persoansbewizen. Bergsteijn stiel by syn wurkjouwer twahûndert blanko persoansbewizen en dûkte dêrnei ûnder. Troch de boargemnaster fan Woudenberg krige it ferset ek de juste stimpels yn har besit.

Dobbe en Bergsteijn diene har yn septimber 1942 by in besite oan it gemeentehûs fan Ljouwerteradiel foar as ynspekteurs fan befolkingsregisters en persoansbewizen. Sa slagge it harren om 78 persoansbewizen te besetten. In pear dagen letter hellen se deselde trúk út op it gemeentehûs fan Idaarderadiel yn Grou. Dêr ûntduts in iverige amtner dat der persoansbewizen misten, wylst Dobbe en Bergsteijn noch op it Grouster stasjon op harren trein stiene te wachtsjen. Se joegen de persoansbewizen werom, mar de plysje liet har fierders frijút gean.

Op 14 oktober 1942 die Bergsteijn mei oan in oerfal op in distribúsjekantoar op De Jouwer. Hja hysten har yn in unifoarm fan de maresjesee en easken de hiele bonnefoarrie plus de byhearrende administraasje op. Dizze oerfal gie de skiednis yn as de earste oerfal op in distribúsjekantoar.

Healwei 1944 dûkte Bergsteijn ûnder by de dûmny Antonie Aart Koolhaas yn Daarle. Dêr wurke hy nau gear mei Frits Hazelhoff en Ben Buunk. Op 10 febrewaris 1945 waarden Bergsteijn en Buunk yn Vroomshoop arrestearre troch de Sicherheitsdienst. Bergsteijn syn ûntsnapping mislearre, dêrby waard hy troch kûgels yn syn skonk troffen. Dêrnei waard er fêstsetten yn Almelo en dêrnei oerbrocht nei Kamp Amersfoort.

In oantal fersetsminsken besketten yn de nacht fan 6 op 7 maart 1945 by Woeste Hoeve in Dútske auto. Yn de auto blykte Hanns Albin Rauter te sitten, it Dútske haad fan de plysje yn Nederlân. Rauter rekke dêrby swier ferwûne, mar oerlibbe it ynsidint. As wraakmaatregel waarden de dei dêrnei 117 fersetsminsken eksekutearre, dêr't Bergsteijn ûnder wie. Nei de oarloch waard de fersetsman opnij begroeven yn Amersfoort.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Henk Berends (1995). Woeste Hoeve: 8 maart 1945. Kampen: Kok Verhoeve, side 135-136