Springe nei ynhâld

Nicholas Aylward Vigors

Ut Wikipedy
Nicholas Aylward Vigors
persoanlike bysûnderheden
echte nammeNicholas Aylward Vigors
nasjonaliteit Iersk
berne1785
stoarn26 oktober 1840
wurkpaad
berop/amtPolitikus
aktyf assoölooch, ornitolooch en politikus.

Nicholas Aylward Vigors (Old Leighlin (County Carlow), 1785 - 26 oktober 1840) wie in Ierske soölooch, ornitolooch en politikus.

Vigors waard berne yn Old Leighlin, County Carlow, yn 1785. Hy wie de earste soan fan kaptein Nicholas Aylward Vigors, dy't tsjinne yn it 29e (Worcestershire) Regiment, en syn earste frou, Catherine Vigors, dochter fan Solomon Richards fan Solsborough.

Vigors studearre oan it Trinity College fan de Universiteit fan Oxford. Fan 1809 oant 1811 moast er syn stúdzje ûnderbrekke omdat er oproppen waard foar tsjinstplicht. Hy focht yn dizze perioade yn de Spaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Nei de oarloch gied er werom nei Oxford, dêr't er yn 1817 ôfstudearre.

Vigors wie mei-oprjochter fan de Zoological Society of London yn 1826, en oant 1833 de earste sekretaris fan de Zoological Society of London. Yn dat jier rjochte er in nij genoatskip op dat útwaakse soe ta de Royal Entomological Society of London. Hy wie lid fan de Linnean Society of London en de Royal Society. Hy wie ek de skriuwer fan 40 papers, de measte dêrfan oer ornitology. Hy levere ek de tekst foar John Gould syn A Century of Birds from the Himalaya Mountains (1830 -32). Op de IOC World Bird List pronkje 31 genera, en 115 soarten, lykas de Enicurus scouleri (út de famylje fan miggesnappers), dy't troch him beskreaun binne, faak yn 'e mande mei Thomas Horsfield. [1]

Vigor folge syn heit op as politikus yn 1828. Hy wie fan 1832 oant 1835 parlemintslid foar Carlow. Yn 1835 fertsjintwurdige er koart County Carlow. Hy waard foar dizze posysje keazen yn in ekstra ferkiezing yn juny 1835. Yn augustus fan dat jier moast er syn posysje alwer oerjaan. Yn 1837 waard Vigors op'e nij keazen ta fertsjintwurdiger fan County Carlow. Diskear hold er dizze posysje oant syn dea ta yn 1840.

  • An inquiry into the nature and extent of poetic licence. Mackinlay & Bensley, Londen 1810.
  • A statement of persecutions on the part of certain Tory landlords in the County of Carlow. Ridgways, Londen 1836.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (in) Kavanagh, P.J., 1983. Nicholas Aylward Vigors, MP, 1786-1840. Carloviana (Journal of the Old Carlow Society) 30:15–19.
  • Parliamentary Election Results in Ireland, 1801-1922, edited by B.M. Walker (Royal Irish Academy 1978)
  1. (in) Gill, F, D Donsker, and P Rasmussen (Eds). 2023. IOC World Bird List (v 13.1). Doi 10.14344/IOC.ML.13.1. IOC World Bird Names (version 13.1)