Springe nei ynhâld

Niau-iisfûgel

Ut Wikipedy
Niau-iisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus gertrudae
Murphy, 1895
IUCN-status: krityk

De Niau-iisfûgel (Todiramphus gertrudae) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels. De soarte is endemysk op it eilân Niau yn in noardwesten fan 'e Tuamotu-arsjipel (Frânsk-Polyneezje). It is in fûgelsoarte, dy't mei útstjerren bedrige wurdt. De Niau-iisfûgel wurdt troch BirdLife International as in ûndersoarte fan 'e yn 'e jierren 1920 útstoarne Mangareva-iisfûgel (Todiramphus gambieri) beskôge.

De Niau-iisfûgel hat in krêm- oant okerkleurige kop en nekke en in bytsje blau by it ear, in wyt kin en fin ljochte bân oer it boarst. Wat blau op 'e kroan fan 'e kop ferskilt mei it yndividu. De mantel, rêch, stút, wjukken en sturt binne blau.

De fûgel is endemysk op it eilân Niau en hat in foarkar fan in healiepen biotoop, ynklusyf kokosplantaazjes, kalkbosken en kultivearre gebieten om delsettings hinne. Hy jaget yn wiete- en kustgebieten.

De fûgel jaget fanôf hege posysjes, benammen yn kokosplantaazjes mei iepen ûndergroei en keale grûn. Se jeije op ynsekten en lytse hagedissen. Tusken septimber en jannewaris bouwe se harren nêst yn deade, rotsjende kokospalmen.

De populaasje fan 'e soarte is al in hiel skoft lyts en skommele yn 'e jierren 2000 foars. Yn 1974 bestie de populaasje neffens waarnimmingen út 400 oant 600 fûgels. Yn 2003 en 2004 bestie de populaasje út noch mar 39 oant 51 fûgels. Dêrnei namen de oantallen oant yn 2009 ta oant in stabile populaasje fan 135 fûgels. Op it stuit (2025) wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as krityk klassifisearre fanwegen dy tige lytse populaasje en de beheinde fersprieding op in eilân fan mar 68 km² grut.

De grutste bedriging foar de soarte foarmet de predaasje fan katten en de konkurrinsje mei ratten, in brek oan geskikte plakken om in nêst te bouwen (âlde kokospalmen) en in tekoart oan gebieten dêr't de fûgel jeije kin.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]