Nias
| Nias | ||
| geografy | ||
| lân | ||
| provinsje | Noard-Sumatra | |
| koördinaten | 1°6'N 97°32'E | |
| algemien | ||
| haadstêd | Gunung Sitoli | |
| ynwennertal | 906.008 (2024)[1] | |
| befolkingstichtens | 162,57 ynw./km² | |
| sifers | ||
| oerflak | 5.573 km² (ynkl. omlizzende eilannen) | |
| heechste punt | Gunung Lelematsjua (886 m) | |
| oar | ||
| tiidsône | UCT + 7 | |
| kaart | ||
Nias is in eilân yn Yndoneezje, 125 km foar de westike kust fan Sumatra yn 'e Yndyske Oseaan yn 'e provinsje Noard-Sumatra. De haadstêd is Gunung Sitoli. It eilân bestiet út leechlân en middelberchtme oant 800 m.
Oant 2003 wie it eilân ien regintskip (Yndonezysk: kabupaten), mar sûnt is it opdield yn fiif regintskippen. Der binne fiergeande plannen om fan Nias in aparte provinsje fan te meitsjen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste bewenners fan Nias wiene in australoïde folk, dat likernôch 10.000 f.Kr. it eilân kolonisearre. Se binne letter ferfongen troch de Austroneezjers, dy't út Taiwan kamen. De namme fan it eilân is fan it wurd ôflaat, dat de bewenners brûkten om nei harren sels te wizen: niha ('minske'). Yn 'e lokale taal wurdt it eilân Tanö Niha neamd, letterlik 'it lân fan 'e minsken'.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard Nias foar in koart skoft troch in net-erkende nazysteat beset, dy't útroppen waard troch in groep ûntsnapte Dútske finzenen en harren steat de 'Frije Republyk fan Nias' neamden.
Op 26 desimber 2004 fûn benoarden it eilân yn 'e Yndyske Oseaan in ierdskodding plak. Dy ierdskodding feroarsake in tsûnamy fan wol 30 m heech mei ferneatigjende gefolgen foar in soad mienskippen oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan. De tsûnamy wie by Nias wol 10 m heech en 122 ynwenners ferlearen harren libben en hûnderten rekken alles kwyt.
In pear moanne letter waard it eilân op 28 maart 2005 fannijs troffen troch de ierdskodding fan Nias-Sumeulue, mei 8,7 op 'e skaal fan Richter ien fan 'e swierste ierdskoddings ea yn Yndoneezje. Teminsten 800 minsken ferlearen it libben, mar mooglik wienen it wol 2000. Tûzenen minsken rekken alle kwyt.
Troch de tsûnamy en de ierdskodding feroare de kustline fan it eilân en op guon plakken ferskode dy oant mear as 50 m ynlânsk.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking bestiet yn haadsaak út etnyske Niassers. Hja sprekke in eigen taal, it Niassysk (Li Niha), dy't ta de Austronezyske taalfamylje heart.

Mei 97% (sifers 2023) is it kristendom de sterkst fertsjintwurdige religy op it eilân (protestantisme 80%, katolisisme 17%); in minderheid hinget de islam oan (3%). Oant yn 'e 19e iuw wie de befolkinig noch animistysk. Sûnt ha Dútske en Nederlânske misjonarissen it kristendom yntrodusearre, dat hjoed-de-dei it haadleauwe fan it eilân is. De islam komt net ûnder de oarspronklike befolking foar en is mei lettere migranten fan Sumatra nei Nias kommen.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Troch de isolearre lizzing hat Nias de eigen kultuer fwitten te behâlden. Der binne typyske kriichsdûnsen, mannelikheidsrituelen en muzyk dy't fral troch froulje opfierd wurdt.
Yn 'e doarpen is fakentiden in saneamde Fahombo te finen, in bult stiennen fan 1,8 oant 2,2 m heech. Troch sûnder helpmiddel op bleate fuotten oer de bult hinne te springen sûnder dy oan te reitsjen, koene jonge manlju harren manlikheid en betûftens as kriger bewize. Dy tradysje datearre noch út de tiid dat doarpen omheiningen hiene om harren tsjin oanfallen te beskermjen. Hjoed-de-dei wurde sokke keunsten foar toeristen opfierd.

De measte doarpen ha in saneamde Omo sebua, it hûs fan it doarpshaad. Dy hûzen ha steiloprinnen dakken oant wol sechtjin meter heech en tsjinnen ek as fort by de striid tusken stammen. Se binne sa boud dat ierdskoddings se net ferneatigje.
Natuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân is heuvelich oant bercheftich. It heechste punt is Gunung/Hili Lölömatua (± 800–885 m). Benammen oan 'e west- en súdkant binne steile rotskliffen, oan de eastkant leit mear leechlân mei mangroves en strannen. Der binne in pear brede, net lange rivieren dy't it binnenlân trochsnije. De boaiem is kalkryk. It klimaat is waarm, fochtich en it hiele jier kin it bot reine. It eilân telt in oantal endemyske bisten en planten.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nias hat in oantal goede surflokaasjes, fral yn it suden by it plak Teluk Dalam.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
