Springe nei ynhâld

Niam-Niampappegaai

Ut Wikipedy
Niam-Niampappegaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljePappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaaigrutkoppappegaaien (Poicephalus)
soarte
Poicephalus crassus
Sharpe, 1842
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Niam-Niampappegaai (Poicephalus crassus) is in pappegaaiesoarte yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De fûgel is ien fan 'e minste bekende pappegaaien en waard foar it earst yn 2017 fotografearre.

Fleanende Niam-Niampappegaai.

Niam-Niampappegaaien hawwe gjin seksuele dimorfy. De fûgel hat in griisbrune kop en boarst, in griene búk en boppedielen en griene ûnderwjukken, in feale ûndersnaffel en oranje eagen. Oars as oare pappegaaien yn it skaai ha Niam-Niampappegaaien gjin giel ûnder de wjukken.

De fûgel is hast endemysk yn 'e Sintraal Afrikaanske Republyk en hat in grut ferspriedingsgebiet dat fan eastlik Kameroen en súdwestlik Tsjaad oer de Sintraal-Afrikaanske Republyk en it uterste noarden fan Kongo-Kinsjasa oant de súdwestlike râne fan Sûdan leit. It habitat bestiet út savannes oant tichte bosken.

It is net bekend hoe âld wylde Niam-Niampappegaaien wurde, mar besibbe soarten wurde likernôch 20 oant 30 jier âld en yn finzenskip 50 jier of sels âlder.

De fûgels ha in grut ferskaat oan iten. It is waarnommen dat se sied, fruit, blêd, nektar, ynsekten, mais en gierst ite. Boeren sjogge de fûgels as pleachfûgel om't se griente en fruitbeammen plonderje.

De wrâldpopulaasje fan 'e soarte is net kwantifisearre. It is ien fan 'e minst bekende Afrikaanske papegaaien, mar oannommen wurdt dat er faak oant algemien foarkomt (del Hoyo et al. 1997). Om't it boskgebiet stadichoan ferdwynt yn it ferspriedingsgebiet, wurdt der tocht dat de populaasje tebek rint. Fanwegen it grutte ferspriedingsgebiet wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list klassifisearre.

De namme Niam-niampappegaai ferwiist nei de etnyske groep Azande yn Sintraal-Afrika, dy’t eartiids troch buorfolken (en letter ek troch Jeropeeske ûntdekkers) “Niam-Niam” neamd waard. Dy namme wie gjin eigen namme fan it folk sels, mar in namme dy't oaren har joegen. De namme Niam-Niam komt nei alle gedachten út in wurd dat itensierders of iters betsjut en waard brûkt omdat de Azande troch guon buorfolken as kannibalen beskôge waarden, in stereotyp dat letter as sterk oerdreaun beskôge waard).[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: