Newton Earp
| Newton Earp | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Newton Jasper Earp | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 7 oktober 1837 | |
| berteplak | Ohio County (Kentucky) | |
| stoarn | 18 desimber 1928 | |
| stjerplak | Sacramento (Kalifornje) | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| berop/amt | boer, timmerman | |
| reden bekendheid | healbroer fan Wyatt Earp | |
Newton Earp (folút: Newton Jasper Earp; Ohio County (Kentucky), 7 oktober 1837 – Sacramento (Kalifornje), 18 desimber 1928) wie in Amerikaansk kolonist yn it Wylde Westen. Hy krige in beskate bekendheid om't er de âldere healbroer wie fan 'e ferneamde plysjeman en revolverman Wyatt Earp.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Newton Earp waard yn 1837 berne yn Ohio County yn 'e Amerikaanske steat Kentucky as de soan fan 'e boer en kûper Nicholas Porter Earp (1813–1907) en dy syn earste frou Abigail Storm (1813–1839). Oan heitekant wied er fan mingd Ingelsk en Ulstersk (protestantsk Noardiersk) etnysk komôf, en oan memmekant hied er Dútsk bloed. Syn mem ferstoar doe't er twa jier wie. Hy hie in jongere suster, Mariah Ann Earp, dy't mei tsien moannen ek ferstoar, twa moannen nei harren mem.
Doe't Newton trije jier wie, wertroude syn heit mei Virginia Ann Cooksey (1821–1893). Ut dat twadde houlik fan syn heit krige Newton acht healbruorren en -susters: James (1841–1926), Virgil (1843–1905), Martha (1845–1856), Wyatt (1848–1929), Morgan (1851–1882), Warren (1855–1900), Virginia (1858–1861) en Adelia (1861–1941). Hy koe benammen tige goed opsjitte mei syn healbruorren James en Virgil.
Amerikaanske Boargeroarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't yn it foarjier fan 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbrutsen wie, naam Newton Earp tsjinst yn it (Noardlike) Leger fan 'e Uny, dat tsjin 'e Súdlike Konfederaasje focht. Syn healbruorren James en Virgil waarden ek soldaat. James rekke yn oktober 1861 slim ferwûne yn 'e Slach by Fredericktown yn Missoery, en waard dêrnei earfol ûntslein út militêre tsjinst. Newton en Virgil bleaune de hiele boargeroarloch troch yn it leger. Newton Earp tsjinne by it Fjirde Rezjimint Frijwillige Kavalery fan Iowa. Nei de oerwinning fan it Noarden yn it foarjier fan 1865 swaaide er op 26 juny fan dat jier ôf út tsjinst.
Nei-oarlochsk libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er wer thúskommen wie, troude Earp op 12 septimber 1865 yn Marion County yn Missoery mei Nancy Jane Adam, dy't Jennie neamd waard. Mei syn breid ferfear er doe nei San Bernardino, yn Súdlik Kalifornje, dêr't syn heit de rest fan 'e Earp-húshâlding tsjin dy tiid hinne ferhuze hie. Newton Earp wurke dêr as bedriuwslieder yn in saloon.
Yn 1868 kearde de hiele famylje Earp werom nei it Midwesten, dêr't se har nei wenjen setten yn Lamar (Missoery). Newton Earp waard dêr boer. Letter ferhuze er syn gesin nei Kansas. Hy en syn frou Jennie krigen fiif bern: Effie May, Wyatt Clyde, Mary Elizabeth, Alice Abigail en Virgin Edwin. De lytse Wyatt Clyde, dy't op 25 augustus 1872 berne waard, ferneamden se nei syn doe noch ûnbekende omke Wyatt, en harren jongste soan Virgil Edwin, dy't op 19 april 1880 te wrâld kaam, waard ferneamd nei syn omke Virgil.
Lettere jierren en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei noch wer in ferhuzing, diskear wer nei Kalifornje, waard Earp timmerman. Hy boude huzen yn Noardlik Kalifornje en it noardwesten fan Nevada. Syn frou Jennie ûntfoel him op 29 maart 1898 yn Paradise Valley (Nevada). Nei har ferstjerren wie Earp goed 30 jier widner. Hy ferstoar úteinlings op 18 desimber 1928 yn Sacramento (Kalifornje), dêr't er begroeven leit op it begraafplak fan it East Lawn Memorial Park.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Wyatt Earp
- Amerikaansk soldaat
- Noardlik Amerikaansk militêr yn de Amerikaanske Boargeroarloch
- Amerikaansk boer
- Amerikaansk timmerman
- Amerikaansk frijmitselder
- Amerikaansk ûndernimmer
- Persoan yn it Wylde Westen
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Persoan berne yn 1837
- Persoan stoarn yn 1928