Springe nei ynhâld

New-Georgiadwerchiisfûgel

Ut Wikipedy
New-Georgiadwerchiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaidwerchiisfûgels (Ceyx)
soarte
Ceyx collectoris
Rothschild & Hartert, 1901
IUCN-status: net bedrige

De New-Georgiadwerchiisfûgel (Ceyx collectoris) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderdieling yn ûndersoarten is.

De soarte waard earder as in ûndersoarte fan 'e Ceyx lepidus beskôge en guon dogge dat noch jimmeroan, mar nei in yn 2013 publisearre genetyske stúdzje wurdt de fûgel mei mear ûndersoarten fan dat takson oer it generaal hjoed-de-dei as in aparte soarte behannele.

It is in lytse pearse en oranje iisfûgel mei in fel oranje snaffel, in wite kiel, in ljochtoranje ûnderbealchje en in oranje-eftich nekplak.

De soarte komt op Vella Lavella, New Georgia en Rendova west fan 'e Salomonseilannen foar yn bosk, en net perfoarst by wetter. De fûgel libbet ek yn degradearre bosk en plantaazjes. Yn it ferspriedingsgebiet binne fierder gjin oare soarten dwerchiisfûgels. De New-Georgiadwerchiisfûgel ûnderskiedt him fan in gewoane iisfûgel troch it lytsere formaat, de oranje snaffel en de pearseftige boppedielen.

Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de soarte soe op in soad plakken algemien foarkomme. Wol wurdt tocht dat de fûgels yn oantal ôfnimme. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre (2016).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: