Nestor fan Kiëv


Nestor fan Kiëv (Aldslavysk: Нестор Летописец; om 1056 hinne - om 1114 hinne), of Nestor de Kronykskriuwer en Nestor de Hagiograaf, wie in muonts út 'e Kiëv Rus, dy't bekend is fan twa beskriuwings fan hilligen, yn it Libben fan earbiedweardige Theodosius fan 'e Kiev-grotten en it Rek fan it libben en martlerdom fan 'e sillige passydragers Boris en Gleb.
Tradysjoneel waard him ek de Nestor-kronyk taskeaun, dy't him de bynamme de "kronykskriuwer" oplevere. Hjoeddedei geane ferskate moderne gelearden der lykwols fan út dat hy net de auteur wie, om't de Kronyk yn styl en ynhâld net op Nestor syn oare wurken liket. Sjoen dizze kontroversje neame guon gelearden him leaver Nestor hagiograaf.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is bekend dat Nestor om it jier 1073 hinne in mûnts west hat fan 'e Pechersk Lavra yn Kiev. It iennige oare detail fan syn libben dat troch de tradysje bekend is, is dat hy, tegearre mei twa oare muontsen, de opdracht krige om de reliken fan Sint Theodosius fan Kiëv te finen.
Nestor stoar om it jier 1114 hinne en waard begroeven yn de Grotten fan Sint Antonius. Hy waard ta hillige ferklearre troch de Eastersk Otterdokse Tsjerke. It lichem fan Sint Nestor is ûnder de reliken bewarre yn Pechersk Lavra. Syn feestdei wurdt fierd op 27 oktober.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It libben fan 'e earbiedweardige Theodosius fan 'e Kiev-grotten (circa 1080)
- Rek fan it libben en martlerdom fan 'e sillige hertstochtsdragers Boris en Gleb (circa 1080)
- Nestor-kronyk, of it ferhaal fan ferline jierren (circa 1113) - (ûnwis)