Springe nei ynhâld

Neotropysk gebiet

Ut Wikipedy
In lânkaart fan 'e wrâld mei dêrop it Neotropysk gebiet ynkleure.

It Neotropysk gebiet of de Neotropis is yn 'e biogeografy ien fan 'e acht ekosônes fan 'e wrâld. De namme is in gearstalling fan neo-, fan it Grykske νέος, neos, dat "nij" of "jong" betsjut, en "Tropis", in oantsjutting foar de kriten yn 'e neite fan 'e evener, dy't in tropysk klimaat hawwe. It betsjut dus de "Nije Tropen" oftewol de "Tropen fan 'e Nije Wrâld".

It Neotropysk gebiet omfettet hiel Súd-Amearika, mei de Andes, Fjoerlân, de Falklâneilannen en de Galapagoseilannen ynbegrepen, en fierders Midden-Amearika, de súdlike helte fan Meksiko, it Karibysk Gebiet, Bermuda en de súdpunt fan it Floaridaskiereilân. It noarden fan Meksiko en fan Floarida en de rest fan Noard-Amearika hearre ta it oanbuorjende Neärktysk gebiet.

It Neotropysk gebiet is folslein beheind ta it westlik healrûn. Nettsjinsteande de namme, dy't ferwiisd nei de tropen, hearre der ek gebieten ta dy't bepaald gjin tropysk klimaat hawwe. De Organisaasje foar Neotropyske Floara (OFN), in ynfloedrike botanyske feriening, jout dêrom in eigen begrinzging oan it Neotropysk gebiet, dy't lykfalt mei de Kreeftskearkring yn it noarden en de Stienbokskearkring yn it suden.

It Neotropysk gebiet kin opdield wurde yn ferskate lytsere ekoregio's, wêrûnder it Karibysk Gebiet, de Everglades, it fêstelân fan Midden-Amearika, de Galapagoseilannen, de noardlike Andes, de Sintrale Andes, it Amazônegebiet, it Orinocogebiet, de Pantanal, eastlik Súd-Amearika en súdlik Súd-Amearika.

Mei't Súd-Amearika lange tiid isolearre wie fan 'e oare wrâlddielen, is de floara en fauna fan it Neotropysk gebiet foar in diel sterk ôfwikend fan dy yn oare ekosônes. Foarbylden fan soölogysk "rariteiten" binne û.o. de sûchdieren út it skift fan 'e toskearmen (Xenarthra): de eameliters (Vermilingua), gurdledieren (Cingulata) en loaierts (Folivora), mar ek kapibara's (Hydrochoerus), dat kjifdieren ter grutte fan skiep binne. De lama-eftigen (Lamini), dy't ek allinnich mar foarkomme yn it Neotropysk gebiet, komme lykwols oarspronklik út it Neärktysk gebiet yn Noard-Amearika, en binne pas yn it Neotropysk gebiet bedarre by de Grutte Amerikaanske Utwikseling, nei't der troch de ferheffing fan 'e Lâningte fan Panama in lânbrêge tusken de beide kontininten ûntstien wie. Harren efterbliuwende sibben yn it noarden binne letter útstoarn.

Op botanysk mêd is it Neotropysk gebiet it oarsprongsgebiet fan ferskate wichtige lânbougewaaksen dy't hjoed oan 'e dei yn in protte oare dielen fan 'e wrâld ferboud wurde, lykas de jirpel (Solanum tuberosum), de tomaat (Solanum lycopersicum), stynske weet (Zea mays) en de kakaobeam (Theobroma cacao) dêr't kakao en dus sûkelarje fan komt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


ekosônes yn de biogeografy
Afrotropysk gebiet Antarktysk gebiet Australazysk gebiet Holarktysk gebiet (Neärktysk gebiet + Paleärktysk gebiet) Yndomaleisk gebiet Neotropysk gebiet Oseänysk gebiet