Springe nei ynhâld

Nelsonstikelmûsgoffer

Ut Wikipedy
nelsonstikelmûsgoffer
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljemûsgoffers (Heteromyidae)
skaaistikelmûsgoffers (Heteromys)
soarte
Heteromys nelsoni
Merriam, 1902
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De nelsonstikelmûsgoffer of Nelsons stikelmûsgoffer (wittenskiplike namme: Heteromys nelsoni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). Dit bistke komt foar yn in tige beheind ferspriedingsgebiet op 'e grins fan Meksiko en Gûatemala. De nelsonstikelmûsgoffer is in solitêr libjend, berchbewenjend nachtdier mei in wierskynlik fierhinne (mar net folslein) herbivoar dieet. De IUCN klassifisearret dit bist as bedrige.

De nelsonstikelmûsgoffer waard foar it earst yn 1902 wittenskiplik beskreaun troch de foaroansteande Amerikaanske mammalooch C. Hart Merriam. Dyselde ferneamde it bistke nei syn kollega Edward William Nelson, mei't de earste spesimina fan dizze soarte fongen wiene troch in ekspedysje dy't ûnder lieding stie fan Nelson en Edward Alphonso Goldman. (Nei Goldman ferneamde Merriam in oare soarte, de goldmanstikelmûsgoffer, Heteromys goldmani). De nelsonstikelmûsgoffer waard fuortendaliks al yndield yn it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). De beide spesimina dêr't Merriam syn beskriuwing op basearre wiene yn 1896 fongen. Dêrnei waard de nelsonstikelmûsgoffer pas yn 2017–2018 wer weromfûn, doe't mei wyldkamera's fiif eksimplaren waarnommen waarden.

Yn syn fersprieding is de nelsonstikelmûsgoffer beheind ta in tige lyts gebiet yn it súdeasten fan 'e steat Chiapas, yn súdlik Meksiko, en it súdwesten fan it buorlân Gûatemala. It ferspriedingsgebiet fan dit bistke hat in oerflak fan 4.650 km², hoewol't it tinken mank mammalogen is dat it yn it ferline in stik grutter west hawwe moat. Binnen it areaal binn trije spesifike plakken bekend dêr't nelsonstikelmûsgoffers ek wier waarnommen binne: Pinabeto yn 'e gemeente Motozintla en de Cerro Mozotal yn 'e gemeenten El Porvenir en Siltepec, allegearre yn Chiapas, mei dêropta de fulkaan de Tajumulco yn Gûatemala. Dy lêste populaasje soe lykwols mooglik yn 2006 troch de orkaan Stan útrûge wêze kinne.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nelsonstikelmûsgoffer is ien fan 'e grutste soarten stikelmûsgoffers (Heteromys). Dit bist hat trochinoar in kop-romplingte fan 15,1–16,2 sm, mei in sturtlingte fan 18,6–19,7 sm en in gewicht fan 60–110 g. De nelsonstikelmûsgoffer fertoant in beskate mjitte fan seksuele dimorfy, mei't de mantsjes in bytsje grutter en oansjenlik swierder binne as de wyfkes. De earkes mjitte 2,0–2,2 sm en binne dêrmei yn ferhâlding ta de kop frij grut. De efterpoaten hawwe in lingte fan 4,2–4,3 sm. De sturt is dúdlik langer as kop en romp mei-inoar en tin behierre.

De pels fan 'e nelsonstikelmûsgoffer bestiet út rûch hier, dêr't op 'e rêch en de siden ferstive stikels trochhinne groeie. Op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch en boppekant fan 'e sturt) is de kleur fan 'e pels dûnkergriis útskaaiend nei swart, mei dêr trochhinne in ûnregelmjittige besprinzging mei okerkleurige plakken. De ûnderste lichemsdielen (bealch, boarst, kiel, kin, poaten en de ûnderkant fan 'e sturt) binne witich. Oars by in protte oare stikelmûsgoffersoarten rint der by de nelsonstikelmûsgoffer gjin ljochtere streek oer de siden dy't de beide kleurflakken faninoar skiedt.

Nelsonstikelmûsgoffers komme foar yn in berchteftige kontrei op in hichte fan 2.500–2.800 m boppe seenivo. Se libje dêr yn kâlde en fochtige dizewâlden.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it hâlden en dragen fan 'e nelsonstikelmûsgoffer is frijwol neat bekend. It is in nachtdier dat in solitêr bestean liedt. Nelsonstikelmûsgoffers libje op 'e grûn en klimme mar komselden. Nei alle gedachten bringe se de dei troch yn in nêst dat se oanlizze yn in ûndergrûnske hoale, in rotsspjalt of in leech pleatste beamholte. As dit bistke fan nau besibbe soarten hat, is it in omnivoar, mei in dieet dat foar fierwei it meastepart bestiet út sieden en oar plantaardich materiaal, yn beheinde mjitte oanfolle mei ynsekten. Oer de fuortplanting is neat mei wissichheid te sizzen.

De nelsonstikelmûsgoffer hat de IUCN-status fan "bedrige", omreden fan syn lytse ferspriedingsgebiet en it oangeande habitatferlies troch de ûntbosking dêre. Oare spesifike bedrigings foar dit bistke binne de klimaatferoaring, dy't yn it ferspriedingsgebiet foar hegere temperatueren en ûnregelmjittiger delslach soarget. Teffens komt der faker ekstreem waar foar, lykas orkanen, dy't yn trochsneed ek nochris swierder binne as yn it ferline.

De nelsonstikelmûsgoffer is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten fan besteane.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side, en ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.