Neerlangel
| Neerlangel | ||
| Pleatske oan 'e Maasdyk by Neerlangel | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 80 (2024)[1] | |
| Oerflak | 1,24 km², - lân 1,06 km² - wetter 0,18 km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51°48' N 5°38' E | |
| Kaart | ||
Neerlangel is in doarpke oan 'e Maas yn 'e Noard-Brabânske gemeente Oss.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1700 wie it doarp ûnderdiel fan 'e gemeente Demel en Langel. Yn 1810 ûnstie mei de gearfoeging fan it doarpke Dieden de gemeente Dieden, Demen en Langel. Dy gemeente waard yn 1923 opheft en yndield by de gemeente Ravenstein, dy't op 1 jannewaris 2003 ûnderdiel waard fan 'e gemeente Oss.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Langel wie eartiids in hearlikheid yn it Lân fan Herpen. It doarp tanket de namme oan 'e smelle en lange foarm fan 'e hearlikheid, dy't him útfieme oant foarby Overlangel.
Doe't it kastiel fan Ravenstein boud waard hie dat ta gefolch dat in diel fan Langel westlik en in oar diel eastlik fan dat kastiel kaam te lizzen. Om de midstwa dielde plakken faninoar te ûnderskieden waard tenei praat oer Overlangel en Nederlangel. Nederlangel waard letter Neerlangel.

(Neer)langel is de memmeparochy fan Ravenstein. Ravenstein hie foar it earst in eigen parochytsjerke yn 1538. Folle letter waard de parochy fan Neerlangel by dy fan Demen foege. Sûnt de jierren 1930 waarden de oarspronklike bannen wer oanhelle en waard Neerlangel ûnderdiel fan 'e parochy Ravenstein.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Sint-Jan de Dopertsjerke (Neerlangel).
De kearn fan it tige lytse doarpke is de Sint-Jan de Dopertsjerke. Oarspronklik wie dat in romaansk, 11e-iuwsk sealtsjerkje. Nei alle gedachten is dy romaanske toer fan dowestien it âldste romaanske bouwurk fan Noard-Brabân. Yn' e 15e iuw krige it tsjerkje in goatysk koer. Fanwegen brekfalligens moast de midsiuwske yn 1869 ôfbrutsen wurde en op 'e fûneminten waard doe it hjoeddeiske neogoatyske tsjerkje boud. De romaanske toer bleau dêrby bewarre.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp leit oan 'e Maas en bûtendyks lizze de uterwaarden. Binnendyks is it rivierklaaigebiet grutskalich ferkavele.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
